Man slim ferwûne nei botsing mei brêge oer de Potmarge yn Ljouwert

© CAMJO Media
Op it wetter fan rivierke de Potmarge yn Ljouwert is in persoan swierferwûne rekke. Neffens tsjûgen kamen twa manlju yn in boat der hurd oanfarren, wêrnei't ien fan de twa te let bûgde en mei de holle tsjin de brêge botste.
Omstanners yn in oar boatsje ferlienden earste help en brochten de boat nei in steger. It slachtoffer is gau nei it sikehûs brocht.
De plysje docht op it plak fan it ûngelok ûndersyk en praat mei tsjûgen.