Spannende tiden foar de greidefûgelbeskermers: 'Telling falt noch wat ôf'

Wim Tijsen fan Rijksuniversiteit Groningen docht in alarmtelling mei in radio ûntfanger © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar de measte greidefûgelbeskermers en ûndersikers is dit de spannendste tiid fan it jier; no moat dúdlik wurde oft de fûgels de piken grut krije. Om dat te folgjen dogge sy saneamde alarmtellings yn it fjild.
De ljip is meastentiids wat betider, mar in hiel soad oare greidefûgels hawwe no piken. Wim Tijsen is wittenskiplik meiwurker fan de skriezenûndersyksgroep fan heechlearaar Theunis Piersma by de Ryksuniversiteit Grins en docht fan dy tellings by de Iselmarkust del yn Súdwest-Fryslân. As wy in stik greide by Skúzum ynrinne, telt hy fiif span skriezen mei ljippen.
Spannende tiden foar de greidefûgelbeskermers
Tijsen: "Zodra je het veld inloopt komen de ouderparen op je af vliegen om te alarmeren. Als ze geen kuikens meer hebben, zitten ze al in gemaaide landen in grote groepen. Maar deze geven dus nog heel duidelijk aan dat ze nog kuikens te verdedigen hebben."
De ûndersikers sjogge ek hiel goed hoksoarte fan terrein de fûgels brûke. Want dat jout wichtige ynformaasje oer wat de jonge fûgels krekt nedich hawwe by it grut wurden.

Falt ôf

En wylst it by Skúzum goed giet, falt it him nei ien dei tellen suver wat ôf wat hy no yn it fjild tsjinkomt. Mar eins is it fierstente betiid foar konklúzjes, seit Tijsen. De skriezepiken hawwe trije-en-in-heal oant fjouwer wiken nedich om fleanfluch te wurden. Oant dy tiid moatte sy genôch iten krije en net opfretten wurde.