Wite blommen foar ferbrânde 'heksen', ek yn Snits

De blomlizzing © Catharina van Bemmel
Yn Snits wie sneontemddei in lytse blomlizzing foar in Snitser dy't fermoarde is yn it ramt fan 'heksenferfolging'. It wie lykas sa faak mei 'heksen' gjin frou, mar in man. It giet om Peter Oltgherzen. Hy krige de deastraf yn it jier 1507.
Yn Fryslân binne fjouwer gefallen fan de deastraf foar heksen bekend. Op it Amelân, yn Langwar, Warkum en Snits kamen minsken op in grouwélige wize oan harren ein troch betichting fan heks wêzen.
Sneon is de nasjonale aksjedei 'Nationaal heksenmonument'. Op in grut tal plakken yn Nederlân wurde wite blommen dellein foar de 'heksen' fan eartiids omdat fûn wurdt dat dizze skiednis net ferjitten wurde moat.
© Catharina van Bemmel
Catharina van Bemmel is dejinge dy't dat yn Snits organisearre. Se fynt it fan belang dat we hjoeddedei noch witte wat der doe barde. Boppedat is it noch hiel aktueel seit se. Yn guon lannen wurde minsken noch ferkettere en stiennige. Yn India en Afrika bygelyks.

De skiednis fan de heksen

"It begûn mei froulju dy't harren dwaande hâlden mei krûden of baakster wiene", seit Van Bemmel. "Minsken dy't dingen diene dy't net te ferklearjen wiene waard as duvelsk besjoen. Mar op in gegeven stuit koe dat fan alles wêze. As minsken epileptysk wiene of demint koene se al op de brânsteapel komme."
"As der fee by in boer siik waard dan moast dochs ien de skuld krije, dus ast dan wat oars wiest koest samar it bokje wêze." It earste gefal dat bekend is yn Nederlân komt út 1403, de lêste yn 1823.

Net folle bekend oer heksen

Der is net folle bekend oer de heksen yn Fryslân. Der waard noch net folle registrearre, dus de wize wêrop't en wêrom't dizze minsken ferkettere waarden is neffens Catharine van Bemmel net bekend.
© Catharina van Bemmel
De fjouwer yn Fryslân binne Peter Oltgherzen fan Snits yn 1507, Aeltgen Beschix op It Amelân yn 1574, Daniels yn Langwar yn 1750 en Sietse Hendriks fan Warkum. Hy wie ien fan de lêste slachtoffers fan de 'heksejacht'.
Yn it jier 1804 kaam hy om it libben. Hoe't se om it libben kaam binne is net dúdlik. Neffens Van Bemmel waarden heksen op 'e brânsteapel smiten, of om it libben brocht troch wurging. Se waarden boppedat slim martele en de omstannichheden dêr't heksen yn opsletten waarden wiene tige min. Guon diene harsels ek tekoart fanwege de pine en martelingen.

Heksenmonumint

De aksjedei sneon is bedoeld om te pleitsjen foar in nasjonaal monumint foar de heksen út de skiednis.
Oanwêzigen fan de blomlizzing © Catharina van Bemmel
"Wy sjogge nei it ferline as it is lang lyn en dat bart net wer. Mar de skiednis leart dat soks no noch bart en ek wer barre kin", seit Van Bemmel. "It is ek ús skiednis, dit is in ballêst. Wat yn generaasjes gebeurt drage wy earne noch yn ús mei."
Yn guon oare lannen yn Europa, lykas Dútslân, Switserlân en Spanje binne wol nasjonale momuminten foar heksen.
In radioreportaazje oer de hekseferfolging