Rosalyn en Robert begjinne yn Boalsert crowdfundingsaksje foar draachmem-wêzen yn Amearika

Crowdfundingaksje by sportskoalle Anytime
Sporte om in bernewinsk yn ferfolling gean te litten. Dat is it doel fan de crowdfundingsaksje by in sportskoalle yn Boalsert dy't organisearre is troch Rosalyn en har man Robert.
Rosalyn en har man binne in stel mei in grutte bernewinsk, mar Rosalyn hat it MRK-syndroom. Dat betsjut dat se berne is sûnder liifmoer (baarmoeder), wêrtroch't se oanwiisd binne op in draachmem. Yn Nederlân kinne winskâlden in berop dwaan op in draachmem, mar Rosalyn en Robert wiken út nei Amearika.
"Yn Nederlân is dat trajekt fan draachmem-wêzen hiel lestich, yn Amearika binne der mear mooglikheden", seit Rosalyn. "Allinnich sit oan dit trajekt in hiele grutte kostepost fêst en om dit jildbedrach te genearjen hawwe wy dizze ynsammelingsaksje opset om in jefte fan minsken te freegjen."
In Amerika doen ze aan kommersjeel draagmoederschap
Rosalyn
"Yn Nederlân soene wy ek in trajekt folgje kinne, mar kwa wet- en regeljouwing is it yn Nederlân hiel dreech. Yn Amearika hantearje se in hiel oar konsept, dêr dogge se oan kommersjeel draachmem-wêzen."

Matchen fan draachmemmen en winskâlden

Froulju kinne harren fia in bemiddelersburo opjaan om te fungearjen as draachmem en winskâlden, lykas wy, kinne har ek oanmelde by in buro. Sa wurde draachmemmen en winskâlden matcht.
It trajekt kostet 1,5 ton en it duorret yn totaal sa'n 2 oant 3 jier. It stel is no goed in healjier dwaande en se hawwe de earste lyntsjes al útset. Yn augustus geane se nei Amearika ta.
"Al dy ynstânsjes dy't je nedich hawwe kostje in soad jild, sa komme je op dit bedrach. Nei it finen fan in gedegen bemiddelingsburo, moatte wy ek in advokaat hawwe dy't ús belangen behertit. Dêrneist ha we ek noch in IVF-klinyk dy't ús helpt."

Gearwurking mei de lokale sportskoalle

Om in part fan de kosten te dekken, hawwe Robert en Rosalyn de help fan de sportskoalle dêr't se sels sporten ynskeakele. Dêr kinne leden, mar ek net-leden yn dizze spesjale aksje tsjin betelling in groepsles folgje. Ek is der in kofje- en teehoeke ynrjochte mei in draaiend rêd. Bûten is in boartersplak foar bern kreëarre.
Dêr't Rosalyn oanjoech bliid te wêzen mei in bedrach fan 500 euro dy't dizze aksje opsmite soe, hawwe se úteinlik 1000,85 euro ophelle.