De Vries spint twa kear, mar start yn Spanje dochs foar teamgenoat

© Red Bull Content Pool
Under ferriederlike omstannichheden kwalifisearret Nyck de Vries him yn Spanje as fjirtjinde, foar teamgenoat Yuki Tsunoda dy't as fyftjinde start. Max Verstappen pakt poleposition.
De omstannichheden yn de kwalifikaasje binne dreech. De baan is noch wiet fan earder dy dei en by oanfang fan de sesje begjint it wer te drippen. De kwalifikaasje is amper begûn as we Tsunoda, de teamgenoat fan De Vries, spinnen sjogge. Hy is net de iennige dy't syn auto net ûnder kontrôle hâldt.

Spin 1

Bottas en Alonso meitsje in útstapke yn it grint wylst ek De Vries yn it rûn giet, mar op de baan bliuwt. De Nederlanner hat noch gjin tiid stean as de sesje stillein wurdt om't der te folle grint op de baan leit.
Nyck de Vries kwalificeert zich in Spanje opnieuw voor teamgenoot Tsunoda. © Red Bull Content Pool
Yn it foar ferklearre de 28-jierrige koereur noch te hoopjen op moai waar om sa tichteby de toptsien te einigjen. As de sesje ferfette is, reint it net mear en nimt ek de baantemperatuer ta. De Vries is op wei nei in rappe ronde, is yn beide sektoaren rapper as Tsunoda, mar fljocht der dan yn bocht alve opnij ôf. Diskear bedarret er wol yn de grintbak, mar kin gelokkich syn paad fierder folgje.

Goed herstel

"Wat doe ik daar verkeerd?", hearre we him oer de boardradio freegjen. Hy werstelt him lykwols goed troch yn syn earste klokte ronde in sânde tiid del te setten. Mei noch in pear minuten op de klok freget De Vries oft it écht nedich is om noch in kear nei bûten te gean foar in nije ronde. It team seit te ferwachtsjen dat de baan flugger wurdt en it risiko net nimme wol Q2 net te heljen. De Vries set dan de achtste tiid del en is dêrmei rapper as Verstappen (9e) en teamgenoat Tsunoda (14e).
Wêr't De Vries it hiele wykein de rappere AlphaTauri-koereur is, liket him dat net te slagjen op it momint dêr't it om giet. Tsunoda syn rapste tiid wurdt lykwols ôfnaam wêrtroch't De Vries dochs foar him start. Tsunoda hold him nammentlik net oan de track limits yn bocht fiif.
© Red Bull Content Pool
Yn it foar hie de koereur út Twellingea op mear hope, mar it team is kontint. "Je kan tevreden zijn met jezelf", sa seit engineer Pierre Hamelin oer de boardradio . Dat is De Vries lykwols net. "Ik ben heel erg teleurgesteld", ferklearret er tsjinoer Viaplay. "Ik denk dat we snel en competitief waren, maar doordat ik twee keer gespind ben, had ik in Q2 geen nieuwe banden meer."
"Ik was de enige in die extreme situatie en dan is het moeilijk om je te plaatsen voor Q3. De snelheid was goed. We hadden eigenlijk rond de twaalfde plek moeten staan."
Ik ben teleurgesteld omdat ik weet dat er meer in had gezeten.
Nyck de Vries
De Vries leit út dat it lestich riden wie op de opdrûgjende baan. "Overal was het eigenlijk droog, op een paar gladde witte lijnen na. Maar in bocht 11 - ik kon het niet zien - was het blijkbaar toch nog nat. Je moet vertrouwen hebben om een goede tijd neer te zetten. Ik denk dat ik daar iets te optimistisch was waardoor ik me twee keer vergaloppeerde. Ik ben teleurgesteld omdat ik weet dat er meer in had gezeten."