HEA! Scootmobyl sûnder rem

HEA! Goeie Janko
It is scootmobylwaar, dus Anneke Zeldenthuis fan De Jouwer is der efkes op út. Se sil om in nije bril en wol ek in ôfspraak meitsje by de kapper. Har scootmobyl bringt har oeral en dat is moai, mar it is ek in ding mei gebrûksoanwizing.
It is wat lestich remjen mei it ding, fynt Anneke, want der sit eins gjin rem op. Je moatte de gashendel gewoan loslitte en dan heart de scootmobyl stil te hâlden. Mar dat docht er net altyd. Yn de winkel hat Anneke al wol ris in doar ramd.