Minister Wiersma biedt ekskuzen oer gedrach oan op kongres VVD

Underwiisminister Dennis Wiersma fan Frjentsjer hat by it drukbesochte VVD-kongres ek oan de VVD-leden syn ekskuzen oanbean oer syn grinsoerskriedende gedrach.
"Ik heb fouten gemaakt, ik ben te fel geweest. Dat is niet goed en daar heb ik enorme spijt van. Ik wil ook hier sorry zeggen", sei Wiersma op it kongres.
Wiersma rekke yn opspraak om't er as minister, mar ek as VVD-Keamerlid tige fûl wie tsjin syn meiwurkers.
'Niet oké'
"Woede-uitbarstingen zijn niet oké. Ook niet door de minister-president en ook niet als daar een direct 'sorry' op komt", sei ien fan de VVD-leden dy 't dêrmei it gedrach fan Wiersma oan de kaak stelde.
"We moeten elkaar hier op blijven aanspreken." De VVD moat "een veilige club" wêze, erkende Rutte, mar "botsen mag. We zijn niet van marsepein."
"Wat Dennis heeft gedaan, kan niet", werhelle Rutte. De VVD-partijlieder jout Wiersma lykwols in twadde kâns, omdat de ûnderwiisminister oanjûn hat syn libben betterje te wollen en yn petear gean te wollen mei minsken dy't er net goed behannele hat, hold Rutte de leden foar.