Twa ferwûnen by bedriuwsûngelok op It Hearrenfean

De helikopter op in bedriuweterrein op It Hearenfean © Camjo Media
By in slim bedriuwsûngelok op It Hearrenfean binne sneon twa minsken ferwûne rekke. It giet om in bedriuw op in adres oan de Pluto.
Meardere sike-auto's, de plysje en in helikopter mei in mobyl medysk team út Eelde binne op it plak fan it ûngelok. De twa minsken binne nei it sikehûs ferfierd. Wat der bard is, is net dúdlik.