Auto's mei-inoar yn botsing op Westergoawei by Winsum, ien persoan ferwûne

Twa auto's mei-inoar yn botsing op Westergoawei net fier fan Winsum © Kappers Media
By in botsing op de Westergoawei by Winsum is seker ien persoan ferwûne rekke. Twa auto's kamen mei-inoar yn botsing op de trochgeande dyk fan Ljouwert nei Boalsert.
It ûngelok barde sneontemoarn eefkes nei tsien oere by in ôfslach. Ien persoan siet fêst en moast troch de brânwacht út de auto befrijd wurde. By it ûngelok rekke ien persoan ferwûne. Dy is yn sân hasten nei it sikehûs brocht.