Holwert oan See wol Fryske politisy it suksesfolle Carolinensiel sjen litte

De museumhaven fan Carolinensiel yn Eastfryslân © Omrop Fryslân
Beide plakken lizze flak achter de Waadseedyk en hawwe likernôch likefolle ynwenners. Mar dêrmei hâlde de oerienkomsten tusken it Fryske Holwert en it Eastfryske Carolinensiel ek wol sa'n bytsje op.
Carolinensiel is op dit stuit goed foar sa'n ien miljoen toeristyske oernachtings yn it jier, yn Holwert komt dat oantal net boppe de 10.000. "It goede foarbyld fan East-Fryslân jout oan dat der oan de Waadkust folle mear mooglik is as oft no yn Fryslân bart", seit Marco Verbeek fan Holwert oan See. "It giet derom dat je in iepen ferbining mei de Waadsee hawwe en net, sa't hjir lang dien is, mei de rêch nei de see ta libje."
'Holwert oan See' yn Dútslân
De Holwerters hawwe dêrom harren ljocht opstutsen yn East-Fryslân. Benammen it plakje Carolinensiel fine se in ynspirearjend foarbyld. By in besite oan Carolinensiel, dat ek in eintsje fan see ôf leit, docht fuortendaliks bliken dat der njonken oerienkomsten en opfallende ferskillen binne.
Oan beide kusten wurdt wurke oan it ferheegjen en it fersterkjen fan de seedyk. Foar Carolinensiel is dat in útdaging, want it betsjut dat de gemeentlike bûtendykske camping in soad steanplakken ynleverje moat. Yn Holwert wurdt de dykfersterking fan Koehoal oant de Lauwersmar yn it foarste plak sjoen as in kâns, want it ferbinen fan it doarp Holwert mei de Waadsee kin dan moai mei dat wurk kombinearre wurde.

Strânkuorren

It earste dat opfalt by in besite oan Carolinensiel, is it sânstrân oan de Waadkust. It is in strân fol typysk Dútse strânkuorren, dy't je mei in spesjale app boeke en betelje kinne. It strân leit bûtendyks en moat nei eltse grutte stoarm op 'e nij oanlein wurde. Dat is yn trochsneeed ien kear yn de trije jier.
"Wy bringe hjir dan wer nij sân hinne út it binnenlân, om ús gasten in moaie strânûnderfining te besoargjen", fertelt marketinglieder Marcus Harazim fan Nordseeheilbad Carolinensiel/Harlesiel.
Dizze reportaazje waard makke mei help fan ús Dútske stazjêre Johannes Greiling. Johannes studearret antropology oan de Universiteit fan Hamburg en hat him by Omrop Fryslân ferdjippe yn in publike omrop yn in minderheidstaal. Ek de ferskillen tusken Fryslân en East-Fryslân op it mêd fan toerisme fynt er nijsgjirrich.
Harazim is grutsk op de offisjele erkenning as Nordseeheilbad, dy't it plak yn oktober 2021 ferovere. Dy hege status betsjut dat Dútsers mei guon groanyske krupsjes op kosten fan harren syktekostefersekering in pear wiken yn it plak ferbliuwe meie om oan harren sûnens te wurkjen.
Hotels, swimbaden, de sportskoalle en ferskate sûnensynstellings profitearje dêrfan. "It giet om 10 persint fan ús gasten. Dy binne hiel wichtich foar ús, want se komme it hiele jier troch, en se komme faak ek werom foar in gewoane fakânsje", fertelt Harazim.
In opspuite sânstrân past net by de status fan Unesco wrâlderfguod
Marco Verbeek fan Holwert oan See
It Fryske Holwert hat gjin strân en sil dat ek net gau oanlizze, fertelt Marco Verbeek. "In opspuite sânstrân past net by de status fan Unesco Wrâlderfguod", fynt er. Holwert oan See wurket dêrom oan in alternative swimmooglikheid, lykas in sâltwetterbad by de pier. "Wy moatte sykje om oplossings dy't by dit gebiet passe. De kwelders achterdyk litte wy gewurde. De natuer en de romte binne krekt ús kwaliteiten."
Yn sûnenstoerisme, lykas yn Carolinensiel, sjocht Verbeek wol wat, ek al is kuertoerisme yn Nederlân folle minder goed ûntwikkele as yn Dútslân. "De lucht is hjir in stik skjinner as yn de Rânestêd. Dat stiet fêst. It is altyd goed om dúdlik oan te jaan dat it goed foar de sûnens is om hjir te ferbliuwen."

Histoaryske museumhaven

Yn Carolinensiel is njonken it toerisme ek de histoaryske museumhaven yn it sintrum fan it plak in lûker. De haven wie yn it ferline de op ien nei grutste seehaven fan Eastfryslân. De seelju fan Carolinensiel giene yn it ferline de heale wrâld oer. It plak neamt him dêrom grutsk 'poarte ta de wrâld'.
"De minsken komme hjir foar it strân én foar de kultuer", is dan ek de oertsjûging fan Julia Kaffarnik fan it Deutsches Sielhafenmuseum. It museum sit yn ferskate monuminten oan de âlde haven. Ien dêrfan, it âlde kapiteinshûs, is betegele mei antike tegels út Harns.
"Dy skiednis hawwe wy net op deselde manier", seit Marco Verbeek fan Holwert oan See. "Mar wy hawwe in terp. Fan de Fryske terpen is der net ien mear dy't oan see leit. Troch de see wer by de terp te bringen, kinne we it ferhaal fan ús skiednis prachtich fertelle. Dat slút wer hiel goed oan by wat se yn East-Fryslân dogge."
It is altyd better om mei eigen eagen te sjen wat mooglik is en mei de minsken dêr te praten
Marco Verbeek wol Steateleden meinimme nei Dútslân
Yn Holwert wurdt op dit stuit mei spanning ôfwachte wat der yn it nije bestjoersakkoart fan de provinsje komt te stean oer it projekt Holwert oan See. Yn de provinsjale polityk sil de kommende hjerst en winter op 'e nij praat wurde oer de stipe fan de provinsje oan Holwert oan See.
Omdat guon politisy yn Fryslân mar amper leauwe dat grutskaliger toerisme oan de Waadkust mooglik is, soe Verbeek Steateleden en riedsleden fan de gemeente Noardeast-Fryslân graach in kear meinimme nei Carolinensiel en omjouwing. "Je kinne wol rapporten skriuwe oer wat der allegearre kin, mar net eltsenien lêst dat. It is altyd better om mei eigen eagen te sjen wat mooglik is en dêr mei de minsken te praten."

Befolking belûke essinsjeel

In oerienkomst tusken Carolinensiel en Holwert-oan-See is dat it pleatslike bedriuwslibben geregeld mei de befolking oerleit oer winske en minder winske toeristyske ûntwikkelings. "Om it pleatslike autoferkear te beheinen, litte wy in elektrysk buske ride. Minsken dy't Kurtaxe (toeristebelesting) betelje, kinne dêr fergees gebrûk fan meitsje", fertelt Marcus Harazim.
Fierders binne der elektryske fytsen en scooters beskikber foar toeristen. Harazim ûnderstreket dat it 'essinsjeel' is om de befolking te belûken by alle grutte besluten oer it toerisme. "Carolinensiel moat in libbene mienskip bliuwe, dêr't de minsken harren noflik fiele. We hawwe dêrom ek besletten om net yn te setten op it útwreidzjen fan it tal oernachtings. Mei ien miljoen yn 't jier binne we tefreden. Dat smyt genôch op om it swimbad en oare foarsjennings te beteljen, sûnder dat de gemeente by hoecht te springen."
Verbeek ûnderstreket op syn beurt dat útwreiding fan it tal bêden yn Holwert nedich is om it toerisme yn it doarp in sûne basis te jaan. Hy soe dêrom graach sjen dat it tal bêden fan 280 (de camping meirekkene) linkendewei útwreide wurdt oant 1.000 en 2.000.
Foar Marco Verbeek is Carolinensiel yn Eastfryslân in moai foarbyld fan slagge toerisme
"Je hearre út de polityk wolris lûden fan minsken dy't sizze dat dat net kin en dat dy ûndernimmers der net binne. Mar it foarbyld fan East-Fryslân lit sjen dat soks seker mooglik is en dy ûndernimmers binne der ek. It hat tiid nedich en je moatte it sjen. Mar it kin seker!"