Opskuor binnen PvdA oer foarstel om ôfdracht oan partijkas te ferheegjen

PvdA'ers © ANP
It rommelet binnen de PvdA. It lanlike partijbestjoer is fan doel om de bydrage dy't PvdA'ers ferplicht oan de partijkas jaan moatte te ferheegjen. It foarstel falt net goed by in soad leden. Wethâlders Hein de Haan fan Ljouwert en Erik de Groot fan Harns hawwe dêrom in krityske brief opsteld.
No betelje PvdA'ers noch sa'n 2,5 prosint fan harren ynkommen oan de partij. It plan is om dat yn stapkes te ferheegjen nei 10 prosint. Dat skeelt foar riedsleden in pear hûndert euro en foar bestjoerders noch folle mear.

'Jild net nei ôfdielingen'

Dochs is dat net iens dêr't de wethâlders oer falle, sa seit De Groot. "Wat we het heikele ervan vinden, is dat we niet gekend zijn in de overwegingen om dit te doen en waar we ons zorgen om maken in deze systematiek, is dat het geld niet goed terechtkomt bij de afdelingen."
"Als wij meer zouden moeten gaan afdragen, dan zou dat ook moeten landen bij de lokale afdelingen", stelt De Groot.
Yn de brief wurdt oproppen om it petear oer it ferheegjen fan de ôfdracht te fieren sa't it heart. En yn de eagen fan De Groot is dat: "De discussie als ledenpartij voeren en als die leden besluiten dat er een hogere afdracht komt, dan kun je dat invoeren bij de volgende periode."