Buske gemeente Waadhoeke by doarpen del om ideeën op te dwaan foar 'klimaatlânskip'

De klimaatbus © Omrop Fryslân
In spesjaal klimaatbuske rydt sûnt freed rûn yn de gemeente Waadhoeke. Mei dizze elektryske bus wol de gemeente ynwenners lûke om mei harren te praten oer in enerzjyneutrale gemeente.
De gemeente wol yn 2040 alle stroom sels opwekke yn in gebiet by Seisbierrum. Se neame dat in klimaatlânskip. Mar hoe't dat derút sjen komme moat en wat de ynwenners wichtich fine, dat wol wethâlder Jan Dijkstra graach fan de ynwenners sels hearre.
Klimaatbus Waadhoeke giet by de doarpen del
Mei petearkes op strjitte en in online enkête hellet it klimaatteam fan de gemeente ideeën op foar it nije lânskip. "Wy kinne de wrâld net rêde, mar we brûke yn Nederlân in soad stroom. We binne in ryk lân en we moatte soargje dat we ús eigen stroom opwekke, ûnôfhinklik fan oaren. Mar ek sûnder oaren te belêsten en sûnder ús eigen miljeu te belêsten", sa seit Dijkstra.
It polderlânskip by Seisbierrum, wat it nije klimaatlânskip wurde sil, hat in goeie oansluting mei in ûnderstasjon fan netbehearder Liander. Dat is wichtich om de elektrisiteit dy't opwekt wurdt om te setten nei stroom dy't brûkber is foar hûzen en bedriuwen.
Neist it opwekken fan stroom moat it klimaatlânskip ek in noflik gebiet wurde. Sa binne by de gemeente ideeën om in fyts- en kuierrûte of in pluktún oan te lizzen. De klimaatbus rydt nei njoggen plakken ta yn de gemeente Waadhoeke.