Hieltyd mear bern kampe mei oergewicht: "It nimt dramatyske foarmen oan"

It tal bêrn mei oergewicht nimt ta © ANP
De groep bern en jongeren mei oergewicht groeit: 17 prosint yn de leeftiid 2 oant 25 jier wie yn 2022 te swier. Yn 2014 wie dat noch 15 persint. "Ast hjir as bern mei te krijen hast, is it dreech om der wer ôf te kommen", wit diëtist Siegrid Schuitmaker.
"It probleem nimt dramatyske foarmen oan", seit Schuitmaker (53). Neffens de diëtist fan Balansie yn Wommels binne dêr ferskate redenen de grûnslach fan. Te begjinnen mei de opfieding.

Snoep jaan foar rêst

"It libben fan âlden is troch wurk en oare beuzichheden hieltyd drokker wurden", seit se. "En as se thúskomme, freegje ek de bern om oandacht. Om dy tefreden en rêstich te hâlden, is it maklik om se in skermke ta te skowen. Mar dat bart ek hieltyd faker mei wat lekkers."
Der binne 68 skûlnammen foar sûker. Sucrose, maltose, gean sa mar troch.
Siegrid Schuitmaker, diëtist by Balansie
Alden binne neffens Schuitmaker faak min ynformearre oer itensprodukten. En dat falt harren lang net altyd kwea ôf te nimmen, seit se.
"Der binne 68 skûlnammen foar sûker. Sucrose, maltose, gean sa mar troch. Wit dan noch mar ris te efterheljen yn hokker produkten oft sûker sit. Ast nei de supermerk giest, moatst tsjintwurdich in grut wurdboek meinimme", seit Schuitmaker. "It is bjusterbaarlik hoe fernimstich oft fabrikanten swietstoffen fuort witte te drukken op etiketten."

Lege ynkommens

It grutste probleem leit neffens har by de bern dy't net yn byld binne. Meastal is dat de groep út húshâldingen mei legere ynkommens. "Mar dy bern geane selden nei in diëtist foar help, fanwege harren finansjeel lestige situaasje."
"Maatskippij is rjochte op minsken dik meitsje"
Dat kin ek de reden wêze wêrom't der by bern net sûn iten op it board leit: der is faak in flink priisferskil tusken sûn en net sûn iten. "Foar in part fan Nederlân is sûn iten hast ûnbetelber. As patat en frikandellen twa euro yn de supermerke binne, en in pûde appels fan 1,5 kilo trije euro, dan is de kar soms gau makke ast net folle jild hast."
As de fetsellen wend binne om harren hieltyd te foljen, dan is it dreech om dat proses te feroarjen.
Siegrid Schuitmaker
Schuitmaker fertelt dat oergewicht by bern in lange fysike neisleep hawwe kin. "Fet is in orgaan. As de fetsellen wend reitsje om harren hieltyd te foljen, dan is it dreech om dat proses te feroarjen. It lichem moat op 'en nij programmearje. Dêr giet wol fjouwer oant fiif jier oerhinne", leit de diëtist út. "As je as bern te swier binne, is it dus dreech om dêr wer fanôf te kommen."

Mentale gefolgen

Swierlivigens kin ek foar mentale problemen soargje. Bygelyks fanwege pesterijen, seit Geeske Hospes (55), fan Hospes Coaching op De Jouwer. Sy helpt bern oant 18 jier.
"Se wurde somtiden bûtensletten om't se net meikomme kinne mei it sporten. Fuotbalje, gym of bûtenboartsje; se geane it faak út 'e wei fanwegen har stugge bewegingsmotoryk. Op dizze wize falle se bûten de boat."
Oergewicht kin liede ta depressiviteit © Shutterstock
Hoe't bern omgean mei har swierlivichheid, ferskilt per persoan. En geslacht. "Ik fernim dat jonges der faak wat hurder yn binne. Dy tinke dan 'boeie, ik game wol lekker even. Dêr bin ik wol goed yn en kin ik wol winne'. Se litte harren soargen yn elts gefal minder fernimme", seit Hospes. "Famkes tinke earder dat se lilk binne en der net by hearre. Dy gedachten kinne liede ta in depresje."
Foar âlden is it goed te beseffen dat eat net 'meie', tusken de earen sitte kin.
Geeske Hospes, bernepsycholooch by Hospes Coaching
As bern sûn iten stean litte om't se it net lekker fine, is dat te simpel, seit Hospes. "Ik ha wolris meimakke dat in bern út in milkshakebeker fan de McDonald's dronk, wêryn't, sûnder dat er it wist, in sûne shake siet. 'Hearlik', sei er. Mar skrok doe 't it lid derôf gie. 'Bah, it is grien!', klonk it."

Earst tsien kear priuwe

"Foar âlden is it dus goed te beseffen dat it wat wol of net 'meie' tusken de earen sitte kin." Hospes advisearret ek om net fuortendaliks op te jaan, as in bern in nij, sûn gerjocht fuorttriuwt. "It is wittenskiplik bewiisd dat je in smaak earst fiif oant tsien kear priuwe moatte. Dêrnei kin ien it iten dochs noch lekker fine."
Dat bern te folle en net sûn ite, kin ferskate redenen hawwe. "Der sit meastal mear achter. Se kinne in soad ite troch bygelyks stress, problemen op skoalle, of troch it ferstjerren fan in dierbere. Iten soarget dan efkes foar fersêdiging. Koartetermynlok. Alleen komt later de suikerdip en levert dit gedrag juist meer problemen op."

Effekt fan ôffallen

Siegrid Schuitmaker sjocht gelokkich ek wat it mei bern docht as harren gewicht wer ôfnimt. "By elke kilo minder doare se wer mear romte yn te nimmen."
It giet net om it keapjen fan shakejes en in fyts. Nee, men moat oars tinken leare.
Siegrid Schuitmaker
Om dat te berikken is der gedrachsferoaring nedich. "It giet net om it keapjen fan shakejes en in fyts. Nee, men moat oars tinken leare, in yntrinsike motivaasje hawwe."
Schuitmaker seit mei klam om dêrby geduldich te wêzen. "It kin jierren duorje foardat der in geskikt ritme is. Mar begjin yn alle gefallen. Net om âld en nij, of letter, mar hjoed. Want eltse dei is perfekt om te starten mei in sûnere libbensstyl."