Noch ien kink yn 'e kabel: autobrêge Holwert noch net klear

De autobrêge yn de haven fan Holwert wurdt no betsjinne mei in spesjale kraan © ANP
Fjouwer nachten op rige is der no wurke om de problemen mei de autobrêge yn Holwert op te lossen, mar ek hjoed bliuwt in spesjale kraan stean om it apparaat te betsjinjen. Der sit noch ien kink yn de kabel.
De oannimmers sprekke fan in "redelijk succesvolle nacht" oan tests, mar der is noch ien probleem: in kommunikaasjekabel fan 400 meter lang tusken de autobrêge en in stroomkast wurket net goed. Dy moat ferfongen wurde.
"Dat doen we vandaag en dan verwachten we dat we komende nacht weer kunnen gaan testen", seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. "Als alles goed werkt, dan kan de autobrug weer worden ingezet op eigen kracht. Daar hebben we een positief gevoel over, maar we geven geen garanties."
In kraan dy't sûnt moandeitenacht teplak is om de brêge te betsjinjen, bliuwt hjoed ek noch stean. Sa kinne de fearboaten fan en nei It Amelân farre en kinne auto's dy boaten ek ferlitte. Kommende nacht sil Rykswettersteat it systeem wer teste.
In dei lyn lei it grutste probleem noch by de feilichheidssensoaren: dy binne belangryk om oan te jaan oft de autobrêge net te swier belêste is of net te hurd nei ûnderen giet. It testen fan dy feilichheidssensor kostet in soad tiid, omdat in soad saken hânmjittich ynsteld en metten wurde moatte.
"Het was heel erg arbeidsintensief om dat allemaal te testen en de juiste waardes te vinden. Daar maakten we ons wel zorgen over. We zijn er erg blij mee dat dat nu klaar is, want dat bezorgde ons wel wat zweet op het voorhoofd."
Omdat dat no klear is, hat Rykswettersteat der fertrouwen yn dat de autobrêge no hast wer klear is om ynset te wurden. Mar earst moat dy 400 meter lange stroomkabel ferfongen wurde.

"Grote beslissing"

As dat klear is en de tests fan kommende nacht binne posityf, dan kin de kraan fuort. "Die kraan neemt veel ruimte in en het wordt steeds drukker in de haven. Dus het is prettiger als-ie weg kan. Maar het moet eerst wel helemaal goed gaan en dat is een grote beslissing."
It grutte ûnderhâld oan de autobrêge, dat oer in pear wiken pland stie, giet noch hieltyd troch. In part fan it wurk, lykas it ferfangen fan dy lange kabel en toskrêden hoecht dan net mear, omdat dat dizze wike al dien is.