Heal miljoen foar oanpak eksoaten, mar provinsje hopet ek op frijwilligers

It grut galleblêd yn De Lende © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De provinsje stelt de kommende twa jier in heal miljoen euro subsydzje beskikber foar de oanpak fan ynvasive eksoaten. Dat binne planten en bisten dy't hjir oarspronklik net foarkomme en dy't lânseigen soarten yn 'e wei sitte.
Tink oan de reuzebeareklau of de rivierkreeft. Dy earste kin brânwûnen feroarsaakje, de twadde kin de stevichheid fan de diken oantaaste.
De subsydzjepot fan de provinsje is bedoeld foar de bestriding binnen natuergebieten, it meitsjen fan plannen bûten natuergebieten en it beteljen fan bygelyks ark en beskermingsmiddels.
De provinsje hopet fierder dat 'eksoatebrigades' mei frijwilligers helpe wolle om eksoaten fuort te heljen. Deputearre Douwe Hoogland omskriuwt it as dat er de kwestje 'mear by de minsken bringe' wol. Der sit 'ek in eigen inisjatyf by', jout de deputearre oan, mits minsken yn dy gelegenheid binne om te helpen.
Ek gemeenten, de provinsje en Wetterskip Fryslân moatte oan 'e bak. "Guon gemeenten dogge it goed, oare gemeenten wer net. Mar der moat wol wat barre, oars komme we der ûnder te sitten." It moat somtiden ek wol, sa neamt Hoogland de wetterkrassula op Skylge, dy't in bedriging wie foar de Natura 2000-doelstellingen op it eilân.
Mei in ynformaasjeside wol de provinsje ek mear ynformaasje jaan oer de soarten en de bestriding dêrfan.