Fan fiif dielnimmers nei de grutste fan Nederlân: Survivalrun De Knipe fan start

Skoalbern oer in obstakel op de rûte by survivalrun De Knipe © Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
Dit wykein is De Knipe wer it striidtoaniel foar mannich survivalrunner. Yn it doarp fan 1.455 ynwenners hat op 'e nij de grutste survivalrun fan it lân plak. Oer fjouwer dagen ferdield, sille 4.500 oant 5.000 minsken wrotte, rinne en klatterje troch de bosken.
Dit jier is it in echte jubileumedysje. De run bestiet 20 jier. "We binne grutter wurden", merkt foarsitter Marcel de Jong. "It begûn lyts, mar troch de jierren binne der mear dagen by kaam. It is net allinnich de tweintichste edysje fan de tocht, mar ek de tsiende 'scholierenrun'."

Skiednis

Yn 2001 begûn it mei in freonegroep. Sy hienen alles klearstean en doe bruts de MKZ-krisis út. Dus doe hawwe se it net folbringe kinnen. De earste run wie yn 2002. Dat wie in stik lytser as no. It wie in groep fan fiif man dy't wedstriid folbrocht."
"As it oan ús leit, komme der noch 20 jierren by. Wy soenen wol in folsleine wike folje kinne mei wedstriden. It wurdt dreger om frijwilligers te fine, mar oant no ta is it út altyd slagge."
"Ik kin net sizze hoefolle frijwilligers we no hawwe, mar it is net folle minder as 2015. Doe wie in tredde fan it doarp frijwilliger", giet De Jong fierder. "As organisaasje bestean wy út njoggen man, mar der is in grutte bougroep dy't ús stipet. Mar der binne ek in hiel soad minsken út it lân dy't in bydrage bringe."
Tongersdei is it survivalwykein ynlaat mei de scholierenrun. Hoe't dat krekt gie, is te sjen yn dizze reportaazje:
Survivalrun De Knipe fan start
"We hebben diverse parcoursen. De scholieren moeten 4,5 kilometer overbruggen", seit Marit Groen fan de organisaasje. "Helaas brak de zon vandaag niet door, maar de rest van het weekeinde ziet er prachtig uit, dus daar kijken we echt naar uit."

"We beginnen al in oktober met de voorbereidende werkzaamheden. Dit is het grootste evenement van Nederland in dit soort runs. Dat vereist ook wel de nodige organisatie."

Stikstof

Njonken it feit dat it dreger wurdt om frijwilligers te finen, komt de organisaasje ek mear hindernissen. "Sa moat de organisaasje tsjintwurdich ek foldwaan oan in ekologyske- en stikstoftoets.
"Wij hebben de natuur te respecteren. Dat doen wij uiteraard graag, maar wij moeten wel voldoen aan de toets. Daarnaast moesten we dit jaar voor het eerst voldoen aan een stikstoftoets. Wij gaan regelmatig op pad met een ecoloog."
Úteinlik die bliken dat de stikstoftoets gjin probleem is. It evenemint stjit gjin stikstof út. Op in dei dêr't in soad oandacht is foar bern mei oergewicht sjocht de foarsitter ek it belang fan de scholierenrun. "Survival is in hartstikke moaie sport. Dit is foar ús dé wize wêze om bern te belûken by de sport. Bewege is hoe dan ek wichtich. Ek foar bern."