Megaput foar Etiënne Reijnen by Cambuur: "Ik loop er niet voor weg"

Etiënne Reijnen © Dijks Fotografie, Luc Hop
Thús op de bank seach Etiënne Reijnen de ôfrûne moannen de wedstriden fan syn nije wurkjouwer SC Cambuur. Doe't de degradaasje ienkear definityf wie, wist er: ik kom beslist net yn in sprieden bêd telâne.
Tongersdei waard de nije technysk direkteur presintearre yn Ljouwert. Fjouwer moannen lyn waard syn beneaming al bekend, mar troch de wurksummens fan Reijnen by PEC Zwolle en de degradaasjestriid fan Cambuur kaam in presintaasje der net earder fan.
Mei syn 36 jier is Reijnen in jonge technysk direkteur sûnder ûnderfining yn dy funksje. Dochs fertrouwe de beliedsbepalers by de klup him dy baan ta.
Etiënne Reijnen leit út wêrom't er by Cambuur oan 'e slach giet
Tiisdei wie Reijnen foar it earst de hiele dei yn Ljouwert. Op de eftergrûn hat er de ôfrûne moannen lykwols al drok dwaande west. Moarns en oan de begjin fan de middei hie er syn wurk by PEC, mar letter op 'e middei en jûns wie Reijnen thús oan 'e gong foar Cambuur.
"De club heeft een enorm fijne indruk achtergelaten in de jaren dat ik hier heb gespeeld", fertelt Reijnen by syn presintaasje. Yn 2014 en 2015 spile er yn it giel-blau. "Ik heb altijd contact gehouden met verschillende mensen binnen de club."

Prioriteiten stelle

Syn tiid yn Ljouwert is Reijnen noait ferjitten. "In mijn achterhoofd wilde ik ooit een keer terugkeren hier. Nu kwam de mogelijkheid voorbij en lag het ook in de lijn van mijn ambitie."
It is gjin maklik momint om yn te stappen by Cambuur. De klup is degradearre wêrtroch't it spilersbudzjet troch de helte giet. Dêrneist ferlitte leafst sântjin spilers de klup. Reijnen: "Ik loop er niet voor weg. Ik doe het graag en krijg er onwijs veel energie van. In deze fase moet je prioriteiten stellen. Er moet een goed elftal staan."
In nije seleksje gearstalle is prioriteit nûmer ien foar Etiënne Reijnen
Goeie spilers binnenhelje. Dat is dus op de koarte termyn it wichtichste foar de nije technysk direkteur. Ien spiler hat Reijnen yn elts gefal al binnen: keeper Yanick van Osch komt transferfrij oer fan Fortuna Sittard. "Daar zijn we enorm blij mee", seit de berne Zwollenaar dêroer.
Trochdat it spilersbudzjet fan fjouwer miljoen euro nei sa'n twa miljoen euro giet, moatte der karren makke wurde. "Wij gaan werken met een iets kleinere groep. Dat is noodzakelijk, want er is minder geld door de degradatie."
Cambuur sil dêrby ek in berop dwaan op de jeugdoplieding. "We gaan in de voorbereiding een aantal jongens de kans geven, die vanuit de jeugd misschien wel de stap gaan maken. Ik hoop dat daar een aantal verrassingen bij zitten, die ons kunnen gaan versterken."
Etiënne Reijnen sil mei Cambuur folgjend jier nei it nije stadion © Dijks Fotografie, Luc Hop
Trainer Sjors Ultee en syn stêf sille de jeugdspilers beoardieIje yn de tarieding. It fertrouwen yn Ultee liket by fans hieltyd mear te ferdwinen. Reijnen dêroer: "Sjors is onze trainer en daar gaan we het mee doen. Ik heb nauw contact met hem over de selectie voor volgend jaar. Je trekt samen veel met elkaar op."
Foar de technyske stêf moat Reijnen ek noch op 'e siik nei in nije assistint-trainer, no't de kontrakten fan Pascal Bosschaart en Rob Alflen net ferlinge binne.

Henk de Jong

De ôfrûne wike hat âld-trainer Henk de Jong him geregeld sjen litten by Cambuur; woansdei by de bekerfinale fan de beloften, freed by it ôfskie mei it kantoarpersoniel en de spilers en snein by de lêste wedstriid tsjin RKC Waalwijk.
De Jong is wer op de wei werom nei it weiheljen fan de kyste út syn holle. Hy fielt him wer goed. Wat dat betsjut foar syn takomst by Cambuur, wit Reijnen noch net. "Ik ga volgende week een bak koffie met hem drinken. Ik ben enorm blij dat ik de Henk weer zag zoals ik hem kende, vol energie."
Algemien direkteur Ard de Graaf wol dêr wol wat mear oer sizze. Se sille ynkoarten yn petear mei De Jong oer hoe't syn takomst by Cambuur derút sjocht. De Jong sit op dit stuit yn de syktewet mar hat noch in kontrakt foar ien jier. "We gaan Henk eerst inzetten voor commerciële activiteiten", seit De Graaf dêroer.
De scouting is fuortendaliks ûnder hannen naam troch Etiënne Reijnen
Ien fan de grutte dossiers dêr't Reijnen mei te krijen hat, is it opsetten fan de scouting fan spilers. Dêr hat er de ôfrûne moannen ek al drok mei dwaande west. Gefolch dêrfan is dat it scoutingsbestân útwreide is. "We hebben nu een mix van data-, live- en videoscouting in huis gehaald", leit Reijnen út.
Fideo-analist Ruben de Jong sil ynset wurde foar it scouten fan spilers, âld-spiler Jan Bruin die dat al en bliuwt dat dwaan. Dêrneist hat Reijnen yn de persoan fan Edwin Guchelaar in datascout fûn. En dan is der noch Marco van der Heide, ek in âld-spiler fan de klup dy't in eigen scoutingsbedriuw hat.
De ontwikkelingen qua data- en videoscouting gaan heel snel. Daar moet je, zeker in mijn rol, voor open staan.
Technysk direkteur Etiënne Reijnen
"Marco van der Heide hebben we een coördinerende rol gegeven", leit Reijnen út. "Hij brengt een heel team met zich mee van videoscouts. Dan winnen we nog meer informatie in over een bepaalde jongen."
Dêrby slút Reijnen de eagen ek net foar nije ûntwikkelings op dat mêd. "De ontwikkelingen qua data- en videoscouting gaan heel snel. Daar moet je, zeker in mijn rol, voor openstaan. Ik sluit niet uit dat het volgend jaar nog uitgebreider is. Ik ben enorm tevreden gezien de mensen die ik nu binnenboord heb."
It stiftingsbestjoer fan Cambuur hat Reijnen beneamd en Ronald Spoelstra fertelt wêrom
Der sille de kommende wiken net in soad gatten yn de aginda fan Reijnen stean. Oer in moanne begjint it earste alvetal alwer oan de tarieding op it nije seizoen en dus moatte der dan al meardere nije spilers binnen wêze.
Dyselde spilers hawwe no fakânsje, mar dat jildt net foar Reijnen. Nei de promoasje mei PEC Zwolle as assistint-trainer is er fuortendaliks trochgien mei syn wurk foar Cambuur. "Misschien dat ik in september nog een paar dagen vakantie heb, maar er is hier een hoop te doen dus voorlopig ga ik niet weg."
En as er dan yn septimber thús wer delploft op de bank, moat it nije Cambuur stâl krigen hawwe. Mei as gefolch dat it Ljouwerter publyk wer op 'e banken stean moat troch striid op it fjild en oanfallend fuotbal. In pittige, mar dúdlike opdracht foar Reijnen.