Tineke Schokker komt tekoart foar foarkarssit yn Earste Keamer

Tineke Schokker © ANP
It tal Fryske Earste Keamerleden bliuwt stykjen op trije. Tineke Schokker (CDA) út Eastermar mocht noch even hoopje, mar krige net genôch foarkarsstimmen foar in sit.
De trije Fryske senatoaren dy't op 13 juny foar it earst meifergaderje yn de Earste Keamer binne Hetty Janssen (PvdA), Tineke Huizinga (ChristenUnie) en Auke van der Goot (OPNL). Fan dy trije sit allinnich Huizinga al langer yn de Earste Keamer, de oare twa binne nij.
Tineke Schokker mocht ek noch even hoopje op in sit. Se stie op plak sân fan de CDA-kandidatlist, wylst de partij seis sitten krijt. In lytse regionale kampanje om Schokker mei foarkarssitten yn de Earste Keamer te stimmen, kaam tekoart.
De Kiesraad stelt hjoed offisjeel de útslach fan de Earste Keamerferkiezingen fêst. Elke stim op in persoan is in tal punten wurdich, ôfhinklik fan it tal ynwenners.
In stim út in provinsje mei in soad ynwenners telt swierder as in stim dy't minder ynwenners fertsjintwurdiget. Sa is in stim út Súd-Hollân 692 punten wurdich, út Fryslân 153 en fan Saba 4.
Alle stimmen op it CDA yn Fryslân, Grinslân en Drinte gongen nei Tineke Schokker. Wat dat oanbelanget hat de kampanje wurke. Dy stimmen ha Schokker lykwols 'mar' 1.241 punten opsmiten, wylst foar in foarkarssit 2.387 nedich binne.
Ek Peter van der Voort (nûmer 8 op D66-list, partij hat fiif sitten) en Max Aardema (nûmer 5 op PVV-list, partij hat 4 sitten) krigen net genôch foarkarsstimmen. Van der Voort krige stimmen yn Fryslân, Flevolân en Oerisel, wat him 522 punten opsmyt. Aardema krige allinnich in stim fan de twa Fryske PVV-Steateleden, goed foar 306 punten.
Fan de Fryske kandidaten dy't de senaat wol helje, krige Tineke Huizinga de measte punten. De listlûker fan de ChristenUnie komt út op 3.606. Hetty Jansen fan de PvdA krige allinnich stimmen út Fryslân, wat har 765 punten opsmyt.
FNP'er Auke van der Goot, dy't foar Onafhankelijke Politiek Nederland (OPNL) yn de Earste Keamer komt, krige út seis provinsjes stimmen. Njonken Fryslân binne dat Drinte, Grinslân, Limboarch, Noard-Brabân en Seelân. Dat wie goed foar 2.356 punten.