Bern foar ien dei de baas fan in bedriuw by projekt 'Baas van Morgen'

Haya Ahmad en Annemarie Jorna © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Foar ien dei de baas fan in bedriuw wêze, dat is foar in soad skoalbern tongersdei de realiteit. By it projekt 'Baas van Morgen' meie bern foar ien dei de skepter swaaie by bygelyks sikehuzen, Definsje, it Wetterskip of oare bedriuwen.
"Foardat wy begjinne, dogge wy in jas oan en in hiernetsje op", seit Annemarie Jorna fan Koopmans yn Ljouwert tsjin de 15-jierrige Haya Ahmad. Haya mei foar ien dei de baas oer it moalfabryk wêze. Sy nimt it plak fan Jorna yn en begjint mei in rûnlieding troch it fabryk.
Haya fynt it moai om alles oer it bedriuw te witten te kommen en makket in soad foto's by har rûnlieding. "Ik ben heel blij om hier te zijn, want je ziet nu ook de praktijk van het werk. Vorig jaar heb ik ook meegedaan aan het project en ben ik bij het MCL beland. Dat was fantastisch, want ik wil cardioloog worden. Die dag heeft me daarbij geholpen."
Bern foar ien dei de baas oer in bedriuw
De Baas van Morgen wol bern tichteby de praktyk bringe. "De stap van school naar praktijk is groot", seit Bianca Akkerman fan de organisaasje.
"We willen die verkleinen door kinderen een inzicht te geven in het werkend leven. We snappen uiteraard dat het maar voor één dag is, maar we hopen dat de leerlingen er veel van oppikken. Ze krijgen een netwerk en weten ook wat ze later wel of juist niet willen doen. De ervaring is van onschatbare waarde."

Meitinke yn it bedriuw

By it moalfabryk binne se wiis mei de komst fan Haya. Sy draait gelyk al mei yn it bedriuw en docht in wurdsje by it ôfskied fan in kollega. "Wy hoopje dat de bern sjogge wat foar libben der njonken skoalle is. Wy ha sels al opdrachten jûn dat Haya neitinke moat oer de feiligens fan it bedriuw. Sa kin sy op in aardige wize yn de kunde komme mei ús."
Al bliuwt de fraach oft Haya foar it bedriuwslibben kieze wol. "Ik wil cardioloog worden. Dat is mijn hele leven al zo, maar toch ben ik heel blij om hier mee te kijken."