Noch altyd giert der inket troch de ieren fan tatoeëarder Rinto Bekkema
Fjouwer desennia lang hat er inket op alle plakken fan it lichem ferivige. Tatoeëarder Rinto Bekkema fertelt yn Noardewyn oer hoe't de tiidsgeast ek fet hat op de wrâld fan nullen en kreaasjes.
Lykas syn tattoos liket ek de passy foar syn fak gjin hâldberheidsdatum te kennen. Fjirtich jier hat Rinto Bekkema fan Burgum ferskate tattoos op ûntelbere liven set. It fak learde er yn Grins, by de bekende Tattoo Karel, dy't syn saak flak by de huorrebuert hie.
Tattoos, bier en huorren
"Doe't ik by Tattoo Karel wurke, seach ik geweldich op tsjin de minsken dy't dêr kamen. AC/DC kaam út de speakers, der rûnen grutte hûnen om en de klanten dronken bier", wit er noch goed. "Se lieten in tattoo sette, wylst se wachten oant har favorite dame fan de huorrebuert net mear 'beset' wie."
Bekkema, dy't no syn saak yn Burgum hat, wurke der in pear dagen yn de wike. Doe't syn baas nei it bûtenlân gie en dêr in shop iepene, naam Bekkema it oer.
Op 'e kop yn 'e kiste
Hy koesteret waarme oantinkens oan syn learmaster, dy't yn 2017 stoar oan longkanker. "Op syn begraffenis lei er mei de kop nei ûnderen en de kont omheech yn de kiste. Want 'everybody can kiss my ass', tocht er."
Bekkema wit noch goed dat Tattoo Karel nei in skoftke wurkjen yn Australië en Súd-Afrika by weromkomst socht waard troch de plysje. "Doe blykte dat er wurke hie mei Ronald Biggs. Ien fan de dieders fan de grutte treinrôf yn 1963. Tsja, mei sokke minsken gie er om."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandei oant en mei tongersdei 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freed is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûn op telefyzje te sjen.
Yntusken binne de klanten mear ferskaat as doe't Bekkema begûn. "Doe kamen der foaral boefkes del. No binne dat bygelyks ek famyljeleden, dy't in 'matching' tattoo ha wolle", seit er.
"Boppedat hat de kommersje har klauwen deryn set. It komt oeral foarby op social media, der wurde tv-programma's oan wijd. Begryp my goed, dêr farre wy as tatoeëarders goed by. Mar it is allegear platter wurden. Flechtiger."
Kaugombalautomaat
As foarbyld neamt er in tattooshop út Amsterdam. "Dêr kinne je in plaatsje út in kaugombalautomaat helje as je net witte hokker tattoo oft je wolle. Efkes in gokje weagje dus. De TikTok-generaasje komt dêrop ôf."
Neffens Bekkema is de wearde fan in tatoeaazje dan ek feroare. Wêr't men eartiids nei tweintich jier noch krekt wist troch wa en wêr't de earste tattoo set wie, dêr is dat hjoed-de-dei gjin fanselssprekkendheid. "Sterker, dan hearst soks as, 'ik leau dat it ien mei in bril wie. En hokker shop... gjin idee.' Dat is net goed of ferkeard. Mar it seit fansels in soad."
Der binne no safolle regels, dat giet echt nergens mear oer. Grutte partijen bemuoie har no yn in brânsj dêr't neat regele wie.
Bekkema seit dat der tsjintwurdich minder frijheid is yn it fak. "Der binne no safolle regels, dat giet echt nergens mear oer. Grutte partijen bemuoie har no yn in brânsj dêr't neat regele wie", seit er. "Wy smieten earder bygelyks de moffen nei gebrûk gewoan yn de waskmasine, omdat se sa prizich wiene. It wie de tiid fan de frije jonges."
In piraat wêze wolle
Frijheid liket sowieso in wichtich tema te wêzen by Bekkema en in part fan syn klantebestân. Net elkenien nimt it like nau mei de wet, fertelt er. "It wrâldsje lûkt ek no noch bepaalde minsken oan. Sels hoech ik net sa nedich de gangster út te hingjen. Mar ik fyn it wol nijsgjirrige lju om mei om te gean. It binne faak minsken dy't je neat wiismeitsje."
Sels siket er ek safolle mooglik de frijheid op. "Sa no en dan fyn ik it moai om even in piraat te wêzen. Dingen dwaan dy't ûnder de radar bliuwe, omdat se eins net meie neffens de regels. Ja, dan fiel ik my frij."
De top 5 fan Rinto Bekkema
Artyst | Nûmer |
16 Horsepower | Harm's Way |
Ian Siegal | Holler |
Red Clay Strays | Moment of Truth |
Bywater Call | Let Me Be Wrong |
Jason Isbell | Overseas |