Yanick van Osch is earste oanwinst fan Cambuur foar kommend seizoen

Yanick van Osch yn aksje foar Fortuna Sittard © Orange Pictures
SC Cambuur nimt Yanick van Osch oer fan Fortuna Sittard. De keeper, dy't in ôfrinnend kontrakt hie yn Sittard, tekenet foar trije jier yn Ljouwert.
It is de earste nije spiler dy't Cambuur fêstleit foar it nije seizoen. Van Osch is 26 jier en trochrûn de jeugdoplieding fan PSV. Dêr bruts er net troch, wêrnei't er de oerstap makke nei Fortuna Sittard.
Dêr wurke er gear mei Sjors Ultee, de hjoeddeistige trainer fan Cambuur. Under Ultee wie Van Osch de earste doelman yn Sittard. Nei't de trainer oan de begjin fan it ôfrûne seizoen ûntslein waard, rekke Van Osch syn basisplak kwyt.
De nije technysk direkteur fan Cambuur, Etiënne Reijnen, is bliid mei de komst fan Van Osch: "We denken dat hij goed bij de club gaat passen. Hij kwam hier binnen en wilde gelijk alles zien. Het is een goeie prof."
Mei de komst fan Van Osch hawwe de Ljouwerters foar it folgjende seizoen twa doelmannen ûnder kontrakt. Brett Minnema is de oare. Hy makke twa wiken lyn syn earedivyzjedebút yn de wedstriid tsjin Sparta Rotterdam.