WTC wol nij kompleks fan 25.000 kante meter bouwe oan westkant fan Ljouwert

© ANP
WTC Expo wol oan de râne fan Ljouwert in nij kompleks bouwe. Dat kompleks moat ynset wurde kinne foar grutte beurzen, eveneminten en konserten.
Yn in earste foarstel giet it om in kompleks fan 25.000 kante meter, ynklúsyf in hal fan 5.000 kante meter. Dy hal kin brûkt wurde foar eveneminten.
It WTC wiist op de beheinde mooglikheden fan it hjoeddeistige kompleks. Dy stamt út 1996 en soe mei it each op de takomst dreech te ferduorsumjen wêze. Ek binne de groeimooglikheden op dizze lokaasje beheind fanwegen de "beperkte hoogte van het complex alsmede het ontbreken van een nachtvergunning".
WTC jout de foarkar oan in ferpleatsing nei in nije lokaasje. It hat it gebied Zwette V oan de súdwestkant fan Ljouwert op it each. Zwette V leit súdlik fan it Newtonpark. Op it plak dêr't it WTC no stiet, soenen dan yn de takomst hûzen boud wurde. WTC tinkt sa'n 12 hektare nedich te hawwen.

Gemeente sjocht kâns

De gemeente Ljouwert is foarearst posityf oer it fersyk om ûndersyk te dwaan nei in geskikte lokaasje foar nijbou, sa skriuwt it kolleezje oan de rie. "Wij zien hierin een kans voor Leeuwarden om een hoogwaardige voorziening een plek te geven."
De gemeente wol him lykwols noch net fêstbite op ien lokaasje en wol it proses iepen yngean. It kolleezje stjoert oan op ein 2023 as datum om WTC "een weloverwogen antwoord te kunnen geven".