De Vries siket wissichheid by Grand Prix fan Spanje: "Daar krijgen we echt antwoord"

Nyck de Vries hopet syn opgeande line yn Spanje troch te setten © Red Bull Content Pool
Nyck de Vries makket him klear foar de Grand Prix fan Spanje. "Ik race daar graag." Mei de tasizzing dy't syn teambazen him koartlyn diene hoecht er him net drok te meitsjen oer syn posysje.
De Formule 1 racet dit wykein op it Circuit de Barcelona-Catalunya. It is op 'e nij bekend terrein foar Nyck de Vries. Hy ried dêr earder yn ferskate opstapklasses, wûn alris in Formule 2-race en mocht dêr foarich seizoen foar Williams syn debút meitsje yn de Formule 1 by syn earste frije training.
Mei in goed gefoel is er dan ek delstrutsen yn Californië. "Ik ben blij dat we meteen weer kunnen racen. Ook al voldeed de race in Monaco qua eindresultaat niet helemaal aan onze verwachtingen, er zijn verschillende positieve punten die we kunnen meenemen."

Gjin flaters

Oer syn eigen optreden seit er: "Ik had een clean weekend zonder fouten. Ik reed mijn beste kwalificatie van het jaar en qua prestatie waren we dichter bij de toptien dan eerder."
Nyck de Vries: "Ik ben blij dat we meteen weer kunnen racen" © Red Bull Content Pool
Yn it Prinsdom yntrodusearre AlphaTauri nije updates oan de auto lykas in nije flier. Dy oanpassingen lykje goed út te pakken, mar echte wissichheid hat it team noch net.
"We hebben een aantal upgrades uitgevoerd en die leken te werken, maar pas in Barcelona zullen we echt antwoorden krijgen aangezien Monaco niet helemaal representatief is. Het betekent dus dat we genoeg werk te doen hebben tijdens de vrije training van vrijdag."

Bekend circuit

Barcelona is foar alle koereurs en teams bekend terrein. "Iedereen heeft veel gegevens van dit circuit, aangezien dit vroeger de belangrijkste testbaan was en het ook veel gebruikt wordt bij ontwikkelingswerk op de simulator."
Mei in soad betrouwen krûpt de koereur út Twellingea dêrom de kommende dagen achter it stjoer. "Ik heb in Barcelona met GP3 geracet en ik won de sprintrace in de Formule 2 in 2019, nadat ik het jaar ervoor de hoofdrace als tweede was geëindigd. Ik race daar graag; het is een typisch Europese locatie en het Spaanse publiek is erg enthousiast."
Ik hou echt van deze Grand Prix en dit circuit.
Nyck de Vries
"Ik hou echt van deze Grand Prix en dit circuit", sjocht De Vries entûsjast foarút. De baan is yn ferliking mei ferline jier wol op ien punt oanpast. De chicane oan 'e ein is fuorthelle. Dêrmei is it sirkwy werombrocht nei de foarm dy't it oant en mei 2006 ek hie.

Oanpast sirkwy

"Ik kijk ernaar uit om de nieuwe lay-out te rijden, hoewel het natuurlijk de oude lay-out is. Het is alles met elkaar een goede Grand Prix en het feit dat het zo dicht bij Barcelona ligt, betekent dat de fans zowel van de stad als van het racen kunnen genieten."