Keunstrûte by Fryske iisbanen del stelt regionale keunst en taalrykdom tentoan

Keunstskilder Hendrik Elings en útjouwer Eddy van der Noord sloegen woansdeitemoarn de earste peallen de grûn yn. Dat diene se as tarieding foar de nije keunstfytsrûte dy't freed troch Lutz Jacobi iepene wurdt.
It keunstprojekt 'IIsbaan yn 'e maaitiid' wurdt ynset om oan de hân fan keunst de sichtberens fan it Frysk en de Fryske streektalen yn de iepenbiere romte te fergrutsjen.

Yn totaal binne der trije fytsrûtes fan 98, 68 en 56 kilometer. "Mar minsken kinne ek in part fan de rûte fytse hear", leit Van der Noord út.
De rûtes rinne by tolve iisbanen del dy't ferspraat troch Fryslân lizze en dy't poëtysk en keunstsinnich binne. By de iisbanen steane buorden mei in gedicht yn it Frysk of yn in streektaal, in keunstwurk fan Elings of fotograaf Baukje Venema en oanfoljende ynformaasje oer it projekt.
QR-koade
De buorden binne foarsjoen fan in QR-koade dy't minsken trochstjoert nei de dichter dy't it gedicht foardraacht. Bysûnder is dat ien fan de gedichten ek yn gebeartetaal foardroegen wurdt.
IIsbanen yn de maaitiid
It idee om de rûte by de iisbanen lâns te dwaan komt ûnder oaren fan Elings. "De oorsprong lait op Ouwe-Syl, der't ik dan weun. Ik liep in de maityd bij de iisbaan del en der liepen skapen op."
By Elings kaam de fraach op wat der mei iisbanen bart at der gjin iis op leit. "Dat fon ik wel 'n mooi beeld, dat die iisbanen in de maityd brúkt worden der't sij aigenlik niet foor bedoeld binne."
Sichtlokaasjes
Njonken de tolve iisbanen, binne der ek noch trije sichtlokaasjes. De iisbanen fan Wikel, Hylpen en Flylân binne gjin ûnderdiel fan in fytsrûte, mar binne wol foarsjoen fan in gedicht, skilderij en foto.

De rûtes binne fêstlein yn in boekje dat fergees te krijen is by ûnder mear toeristyske ynformaasjepunten en fytsferhierbedriuwen. Fan sneon ôf kinne minsken de ferskate rûtes fytse. De buorden bliuwe stean oant 1 novimber 2023.