Twivel oer feilichheid autobrêge yn haven Holwert: probleem duorret langer

De autobrêge yn de haven fan Holwert © ANP
De autobrêge yn de haven fan Holwert wurket noch net sa't it moat. Ofrûne nacht hat Rykswettersteat tests útfierd, mar de feilichheidssensoaren binne noch net goed ôfsteld.
In kraan dy't sûnt moandeitenacht teplak is om de brêge te betsjinjen, bliuwt dêrom hjoed ek noch stean. Sa kinne de fearboaten fan en nei It Amelân farre en kinne auto's dy boaten ek ferlitte. Kommende nacht giet Rykswettersteat fierder mei feilichheidskontrôles.
De problemen mei de autobrêge begûnen moandeitejûn: doe koenen auto's net fan de fearboat ôf, omdat de autobrêge stikken wie. Sa'n hûndert reizgers sieten oeren fêst op de boat. Yn de nacht kaam der in kraan om de auto's te helpen de fearboat te ferlitten.
De reparatie is voltooid, maar er is te veel twijfel over veiligheidssensoren.
Wurdfierder Rykswettersteat
De ôfrûne nachten ha ferskate minsken wurke om it probleem mei de autobrêge te ferhelpen. Der wie goede hoop dat dy it hjoed wer dwaan soe, mar dat is dus net sa. "De reparatie is voltooid, maar er is te veel twijfel over veiligheidssensoren", seit in wurdfierder fan Rykswettersteat.
De feilicheidssensor is belangryk om bygelyks oan te jaan oft de autobrêge net te swier belêste is of net te hurd nei ûnderen giet. It testen fan dy feilichheidssensor kostet in soad tiid, omdat in soad saken hânmjittich ynsteld en metten wurde moatte.

Berikberheid en feilichheid belangrykste

"Daarom is het mooi dat die kraan er nog staat. Zo kunnen de veerdiensten gewoon doorgaan en auto's de boot op en af. En het geeft ons de rust en de ruimte om te kiezen voor veiligheid en door te gaan met de tests."
It ynsetten fan sa'n kraan kostet wol jild, mar dat is neffens Rykswettersteat gjin punt. "We hebben ieder jaar ruimte op de begroting om calamiteiten op te vangen. Geld is geen primaire overweging, bereikbaarheid en veiligheid wel."
De brêge yn de haven is tsientallen jierren âld. Oer in pear wiken soe der grut ûnderhâld plakfine.