125 jier nei syn berte bringe strjitkeunstners oade oan Escher

Keunstner Massina oan it wurk by it stasjon © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Op 17 juny is it eksakt 125 jier lyn dat Maurits Cornelis, better bekend as MC, Escher berne waard yn Ljouwert. Om it libben en it wurk fan de wrâldferneamde keunstner te fieren binne der yn opdracht fan Visit Leeuwarden sân trijedimensionale strjittetekeningen makke yn de binnenstêd.
Ien fan dy lokaasjes is it plein foar it treinstasjon yn de stêd. Dêr sit keunstner Marije Spelbos, artystenamme Massina, op in krukje har tekening yn te kleuren. De tekening is makke op it wandelpaad lâns de fontein mei de twa berneholtsjes. Der binne in soad donker- en ljochtblauwe fakjes te sjen. Under in bepaalde hoeke suggerearret de tekening djipte.
Ljouwert hat der sân keunstwurken 'yn de geast fan Escher' by
"Het is inderdaad een optische illusie", seit Massina, dy't útleit hoe't se te wurk giet. "Ik heb eerst foto's genomen van de locatie. Omdat het een langgerekt pad is, moet je van beide kanten diepte in het werk kunnen zien. Dat was de uitdaging. Na de blauwe vakjes voeg ik nog abstract werk toe in de tekening, omdat ik zo mijn eigen stijl erin kan verwerken."

Bertedei

"It is dit jier 125 jier lyn dat Escher yn Ljouwert berne is, yn wat no it keramykmuseum Princessehof is. Dat woene we fiere", fertelt Wypkje Hettinga fan Visit Leeuwarden. "Der binne ek tekeningen makke op it Aldehoustertsjerkhôf, by it Princessehof, it Raadhuisplein, de Blokhúspoarte, de Prins Hendrikbrêge en de Haniasteech. De keunstners jouwe der allegear harren eigen draai oan, mar it is allegear in oade oan Escher."
Wypkje Hettinga by it keunstwurk op it stasjonsplein © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
De rûte, by alle sân keunstwerken del, wurdt offisjeel pas iepene op 17 juny, de bertedei fan Escher. Dochs binne de keunstwurken sels no al te sjen. Neist Massina ha de keunstners Leon Keer, Remko van Schaik en Ruben Poncia meiwurke oan de tekeningen.

'Enthousiaste reacties'

Op it stasjonsplein wurket Massina stadichoan troch. In soad minsken stean efkes stil om te sjen hoe't it wurk foarderet. "Ik krijg heel veel reacties, dat is natuurlijk erg leuk. Een paar jaar geleden heb ik ook meegewerkt aan enkele Eschertekeningen hier in de stad, veel mensen weten dat nog. Iedereen is enthousiast."
It keunstwurk leit neist de fontein op it stasjonsplein © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
De tekeningen binne noch tot nei de hjerstfakânsje te sjen. Dêrnei wurde se troch in spesjalist fuorthelle.