Amerikaanske reedrydfedette Jordan Stolz foar trije jier nei ploech fan Jillert Anema

Jordan Stolz © Orange Pictures
De reedrydploech fan de Fryske coach Jillert Anema hat him fersterke mei de 19-jierrige Amerikaanske topper Jordan Stolz. Hy tekenet in kontrakt foar trije jier by Team Albert Heijn Zaanlander.
Stolz makke ôfrûne seizoen yndruk troch wrâldkampioen te wurden op de 500, 1.000 en 1.500 meter. De Amerikaan komt yn elts gefal oant de Olympyske Winterspelen fan 2026 út foar de ploech fan Anema.

Underfining Anema joech trochslach

Stolz hat bewust keazen foar Albert Heijn Zaanlander om te profitearjen fan de ûnderfining fan Anema. "Jillert draait al sa lang mei, hat al safolle kampioenen begelaat en medaljes wûn. Ik leau dat hy my hiel goed foarút helpe kin."
Anema sjocht dernei út om mei de wrâldkampioen te wurkjen. "Hy hat in geweldige timing en behearsking yn de binnenbocht op de 500 meter. Foar Nederlânske reedriders is dat gewoanwei in drege ôfstân om te dominearjen. Dêryn kin Jordan fan grutte wearde wêze foar de oare reedriders yn ús team."
Stolz bliuwt foarearst mei syn eigen coach Bob Corby trainen yn it Petitt National Ice Center yn Milwaukee. Anema sil op ôfstân advys jaan.