Provinsje Fryslân wol iepenbiermeitsjen dokuminten stielslakken Sintrale As tsjinhâlde

Wurk oan de Sintrale As © Ben de Jager, RTV NOF
De Provinsje Fryslân besiket foar te kommen dat dokuminten oer de stielslakken yn de Sintrale As iepenbier makke wurde. De Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) soe dy dokuminten iepenbier meitsje oan RTV NOF.
Dy omrop hat in berop dien op de Wet open overheid (WOO) om dokuminten yn hannen te krijen oer it brûken fan stielslakken yn de Sintrale As yn 2014 en 2015.
Stielslakken binne lytse brokken heechovenôffal, dy't brûkt binne as fundearringsmateriaal foar de provinsjale dyk. Mar it materiaal lekt fergiftige stoffen, in kwestje dêr't de provinsje aardich mei oanklaud wie. De stielslakken wiene yn oanrekking kaam mei wetter. Dat is dêrtroch fersmoarge rekke. Ek is it weidek skansearre.
De ILT, ûnderdiel fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, hat 32 dokuminten oer dit ûnderwerp fûn. De provinsje hat beswier yntsjinne tsjin it iepenbiermeitsjen fan dy dokuminten. Wat dêr krekt de reden foar is, is ûndúdlik.
Op 20 juny wurdt der in harksitting holden oer de kwestje. Oant dy tiid wurde de dokuminten net publisearre. Mocht de harksitting útfalle yn it foardiel fan RTV NOF, dan kin de provinsje noch by de bestjoersrjochter yn berop gean.