Dit is wêrom't hûnderten sylskippen alle jierren wer meidogge oan de HT-Sylrace

Jacob de Vries is âld-dielnimmer oan de HT-Sylrace © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Ien fan de âldste sylraces fan ús lân hat dit jier in jubileum. De HT-Sylrace belibbet tongersdei de 75e edysje. De sylwedstriid fan Harns nei Skylge en werom stiet bekend as in spannende. Farre op de Waadsee is in fak apart.
"Dat het al zolang bestaat, is wel een teken dat het een bepaalde succesformule heeft", fertelt koördinator feilichheid Jouke van Keulen. De HT-race groeide yn de jierren '80 fan 75 dielnimmende skippen nei 200.
"Daar waren de havens wat te klein voor. Toen hebben we afgesproken dat er maximaal 185 schepen kunnen meedoen." Nei de iuwwiksel naam de belangstelling wer wat ôf, mar de lêste fiif jier sjocht de organisaasje wer dat mear skippen meidogge.
De HT-Sylrace wurdt foar de 75e kear holden
Spannende ferhalen binne der genôch. Nim no de edysje yn 1974. Fearboat de Midsland fart oer ien fan de dielnimmende skippen hinne. De twa opfarrenden oerlibje it, de skipshûn net.
Jacob de Vries docht al sûnt 1978 mei oan de HT-Sylrace. Hy makke dan ek in soad mei op de Waadsee. Lykas dy iene kear doe't de race stillein waard fanwege it stoarmige waar. "Het was windkracht 9 of 10. We werden opgewacht door de sleepboot die ons naar Harlingen zou brengen."
Fearboat de Midsland fart oer ien fan de dielnimmende skippen hinne © Organisaasje HT-Race
As de rêdingsboat harren slepe wol, giet it mis. "We lagen verkeerd aan de kabel, de reddingsboot gaf gas en trok aan de voorkant alles kapot", fertelt De Vries.
Toen zat er alleen nog maar een mast op.
Jacob de Vries, dielnimmer oan de HT-Sylrace
En dêr bliuwt it net by. As de boat wer fierder giet, slacht it needlot opnij ta. "Ik zag de boot al omhoog gaan, toen sloeg het anker aan de achterkant alles kapot. Toen zat er alleen nog maar een mast op."
Dielnimmers en âld-dielnimmers helje oantinkens op oan 75 jier HT-Sylrace
Om derfoar te soargjen dat harren skip en al dy oare hûnderten dielnimmers alle jierren wer feilich de finish helje, hawwe de begeliedingsskippen in wichtige taak.

Man oerboard

"Tirions zijn heel leuke schepen", seit Van Keulen. "Ze zijn niet te groot, maar wel zeewaardig. Iedereen op zo'n schip moet goed opletten dat je vastzit. Eens ging er een man overboord tijdens de race. Ik zat er niet ver vanaf. We alarmeerden snel de KNRM en probeerden de persoon uit het water te halen."
Dielnimmers en âld-dielnimmers helje oantinkens op oan 75 jier HT © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It binne de mominten dat Van Keulen wiis is mei de begelieding en de KNRM. "Schade kan vergoed worden na de race, persoonlijke ongelukken niet. Dat zijn de risico's, maar ook de risico's die er altijd zijn, als je het water op gaat en gaat zeilen."
In oar bysûnder ferhaal is dat fan Elly en Diny Sonnega. Sy binne it earste frouljusteam yn de histoarje fan de HT-Race en dogge hjoed-de-dei noch hieltyd mei.
Elly en Diny Sonnega mei in foto fan it skip wêrop't se eartiids altyd farden © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Wij komen uit een echte zeilersfamilie", fertelt Elly. Doe't harren heit op 46-jierrige leeftiid kaam te ferstjerren, namen de beide sussen it beslút om it silen troch te setten. "We werden met open armen ontvangen. Al keken die mannen eerst wel even raar op toen wij ze voorbij zeilden in de race", fertelt Diny.

Deinum Meid

Harren blauwe skip, wêrmei't se ek dit jier meidogge, hat in bysûndere namme: de Deinum Meid. "Daar woonde ik toen we het schip kochten, ze noemden mij altijd die meid uit Deinum", seit Elly.