Hearrenfeantrainer tinkt oan stunt tsjin Twente: "Eerder bewezen dat het kan"

Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen © Orange Pictures
"Twente is de favoriet, maar dat zegt niet altijd alles", stelt Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen yn oanrin nei de konfrontaasje tsjin de ploech út Enschede yn de earste ronde fan de play-offs om Europeesk fuotbal.
FC Twente is op it fiifde plak einige mei mar leafst 18 punten mear as Hearrenfean. Boppedat hat de ploech fan trainer Ron Jans syn lêste fjouwer wedstriden, wêrûnder dy tsjin Ajax, allegear wûn. De Tukkers binne dus yn foarm en hawwe de bêste papieren om it twalûk mei Hearrenfean te winnen.
Kees van Wonderen oer de play-offwedstriid tsjin FC Twente
Dochs binne de Friezen net folslein kânsleas. Hearrenfean pakte yn de kompetysje nammentlik fjouwer punten tsjin de ploech út Enschede. Thús waard mei 2-1 wûn, út waard mei 3-3 lykspile. "We hebben dit seizoen al eerder bewezen dat het kan. Maar ze hebben de laatste weken de boel flink aan het draaien, dus we moeten aan de bak."

Kwaliteiten fan FC Twente

Van Wonderen is ûnder de yndruk fan Twente. "De backs (Smal en Brenet, red.) hebben veel aanvallende drang, daarvoor staan twee buitenspelers met individuele kwaliteiten. Ze hebben een spits en een nummer 10 die veel goals kunnen maken. En toch maken we kans, want anders waren ze wel kampioen geworden."
De play-offwedstriid sc Hearrenfean - FC Twente begjint tongersdei om 18.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer. De return is sneintemiddei om 14.30 oere.
"Tegen een heel dominante tegenstander kun je toeslaan via een standaardsituatie of een omschakelmoment", leit Van Wonderen de mooglikheden fan Hearrenfean út. "Met een spelhervatting hebben we dit seizoen tegen Twente zowel uit als thuis weten te scoren. Steve McClaren (tsjintwurdich assistint-trainer by Manchester United) zei altijd: "Find a way to win", dat gaan we morgen proberen."

Underdog

Van Wonderen: "Twente krijgt de favorietenrol op basis van wat zij de laatste weken hebben laten zien. Ze winnen overtuigend van Ajax, dat geeft aan hoe sterk ze zijn. Maar dan zijn we maar de underdog, dat waren we ook heel lang in de race om plek acht. Dus dat zegt ook niet altijd alles."