Eask tsjin twadde fertochte yn saak-Lisette Elzinga ek 4 moannen ûnder betingst

It Iepenbier Ministearje hat fjouwer moannen sel ûnder betingst easke tsjin de twadde fertochte yn de saak-Lisette Elzinga. De fertochte is in 49-jierrige man fan It Hearrenfean. Hy is de bewenner fan it hûs dêr't it feestje wie dêr't Lisette in fatale doasis drugs binnen krige. De rjochter docht op 21 juny útspraak.
De man wurdt derfan fertocht dat er net op tiid 112 belle hat doe't Lisette bewusteleas op de bank lei.
De 26-jierrige Lisette Elzinga ferstoar op 25 oktober, tsien dagen neidat se yn bewusteleaze tastân oantroffen wie yn de wenning fan de 49-jierrige fertochte. It ynnimmen fan in kombinaasje fan alkohol, xtc, kokaïne en GHB waard har fataal.
Mancave mei bank, sauna, jacuzzi en bar
Foar de bewuste nacht fan 15 oktober hie de fertochte ôfpraat mei freonen. Se hiene in wynpriuwerij hân en gienen dêrnei it sintrum fan It Hearrenfean yn om noch wat te drinken. Yn kafee De Skoffel kamen se Lisette en har freondinne tsjin, dy't juster terjochte stie yn de rjochtbank. Se beslute 'een afzakkertje' te nimmen by de fertochte. Hy hat yn syn hûs in saneamde 'mancave' mei in bank, sauna, jacuzzi en bar.
De 30-jierrige freondinne fan Lisette Elzinga stie tiisdei as fertochte foar de rjochter. Tsjin de frou út It Hearrenfean is fjouwer moanne selstraf ûnder betingst easke. Neffens de offisier fan justysje hat se neilittich hannele troch net fuortendaliks help yn te skeakeljen.
Der waard yn de wenning bearenburch-sinas dronken en der waard xtc brûkt. "Ik heb een paar pillen in stukjes gedaan en op de bar gelegd. Iedereen kon er wat van af pakken." It selskip bestie op dat momint út de fertochte, twa fan syn freonen en Lisette en har freondinne.
Ik wist wel dat je door de combinatie van alcohol en GHB out kunt gaan.
Oanslutend stapten se yn de jacuzzi. Om 05.30 oere socht de fertochte syn sliepkeamer op. "Ik was moe. Even later schreeuwde de vriendin van Lisette me wakker. Toen ben ik naar beneden gegaan en trof ik twee slapende mensen aan op en bij de bank, Lisette met een vriend van mij." Hy rûn nei de bar. "Toen zag ik een waterflesje staan. Ik had het vermoeden dat het om GHB ging."
Hy krige syn freon wekker troch him hurd yn it gesicht te slaan. Dy fertelde him dat Lisette toarst hie en út it fleske dronken hie. De fertochte sei hjoed dat hy dat ferhaal net leaut. "Het is heel apart dat als iemand dorst heeft uit dit flesje met een stroperig goedje drinkt, terwijl er een kraan voorhanden is."
De fertochte hat earder tsjin de plysje sein dat it GHB-fleske fan him wie. Foar de rjochtbank ferklearre hy hjoed wat oars. "Het is niet van mij, ik weet niet waar het vandaan komt."
De fertochte hat yn it ferline mei syn eks-freondinne eksperimintearre en is bekend mei de gefaren fan GHB. "Ik wist wel dat je door de combinatie van alcohol en GHB out kunt gaan, maar na een uur loop je dan weer rond. Ik heb niet het gevaar gezien, op dat moment was er volgens mij geen levensbedreigende situatie. Ik dacht: ze komt straks wel weer bij. Dat was mijn overtuiging. Met de kennis van nu had ik anders gehandeld."
Je deed niks, je was alleen bezig om je eigen hachje te redden.
De mem fan Lisette fertelde tsjinoer de rjochtbank oer it ferlies fan har dochter. Se rjochte har direkt ta de fertochte. "Lisette was in jouw huis. Jullie waren bezig met het regelen van een sexparty. Op het moment dat Lisette je nodig had, nam je de verantwoordelijkheid niet. Je deed niks, je was alleen bezig om je eigen hachje te redden."
"Ik heb openheid nodig, ik wil precies weten wat er gebeurd is en jij kunt dat vertellen. Ik ben teleurgesteld en boos. Ons gezin is niet meer compleet. Het gemis van Lisette is intens en gaat nooit meer weg."
Advokaat neibesteanden: "Flesje stond niet zomaar op de bar"
Advokaat Ruth Jager, dy't de neibesteanden fertsjintwurdiget, sei dat de famylje noch in hiel soad fragen hat. "Hoe is het mogelijk dat er zo veel drugs in het lichaam van Lisette is aangetroffen? Ze was altijd bedacht op de gevaren ervan."
Neffens Jager wiene de mannen út op in feestje mei drugs en froulju. "Grote vraag is nu: heeft iemand bewust GHB door de drankjes gedaan? Het flesje stond niet zomaar op de bar."
Jager fynt is spitch dat de plysje de wenning net fuortendaliks as 'plaats delict' ôfset hat. "Dan had de recherche de aanwezigen afzonderlijk kunnen horen, Het onderzoek is te laat begonnen, Nu ontwijken de mannen hun verantwoordelijkheid."
Fertochte: "Mijn voorbeeldfunctie is aangetast"
De fertochte fertelde dat de saak in grutte impact hat op syn libben. "Ik ben neerslachtig en heb geen levenslust. Mensen zijn woest op me en zien mij als een waardeloze klootzak. Ik heb bedreigingen gekregen waar de honden geen brood van lusten. Ik kon daardoor ook een tijdje niet in mijn eigen huis wonen. Ik heb vier kinderen, maar mijn voorbeeldfunctie als vader is aangetast. Mijn leven staat stil, ik hoop het na deze rechtszaak weer te kunnen oppakken."
Hij had anders moeten handelen.
Neffens offisier fan justysje Bas Rademacher is der gjin bewiis dat de GHB bewust tatsjinne is. "Lisette heeft per ongeluk uit het flesje gedronken."
Dêrneist stelt er dat lang net alle ferklearringen fan de fertochte betrouber binne. "De verdachte heeft ten onrechte niet op tijd de noodzakelijke hulp ingeschakeld", sei hy.
Ek al is neffens Rademacher net fêst te stellen oft Lisette it wol oerlibbe hie as op tiid 112 belle wie, dochs hat de fertochte neffens him skuld oan har dea. "Hij had anders moeten handelen. Verdachte heeft zich niet bekommerd om Lisette. Ze hebben haar de kans op de overleven ontnomen."
Soad fragen
Advokaat Tjalling van der Goot fan de fertochte sei dat "er soms ongelukken gebeuren zonder dat je daar iemand aansprakelijk voor kunt stellen". Van der Goot giet yn syn pleit yn op it riedsel fan it GHB-fleske. "Niemand van de aanwezigen heeft het flesje gezien. Dat bevestigt het verhaal van mijn cliënt dat het flesje niet van hem was."
Hoe't it ynienen op de bar stie, koe Van der Goot net sizze. "Er zijn nog veel vragen."
'Unheimisch gevoel'
De freon fan de fertochte, dy't ek yn it hûs, wie, hat neffens Van der Goot in rol dy't net goed ûndersocht is troch de plysje. "Ik heb er een unheimisch gevoel bij. Hij stond bekend als iemand die handtastelijk is naar vrouwen, hij werd zelfs een GHB-koning genoemd en bovendien probeerde hij Lisette in de kroeg te versieren, zo heeft de politie gezien op camerabeelden."
Syn saak is lykwols seponearre troch it Iepenbier Ministearje, om't hy op dat moment 'out' wie en sliepte en dus net op de hichte wie fan de kritike tastân fan Lisette. "Maar hield hij zich niet bewust slapende en komt hij er zo onder uit? Wie zal het zeggen?" Om letter te ferfolgjen: 'Ik wil niet cynisch zijn maar wat zou er gebeurd zijn als mijn cliënt zich slapende had gehouden?'
Van der Goot seit dat de dea fan Lisette de fertochte net te ferwiten falt en freget dêrom frijspraak.