Alle kandidaat-deputearren bekend: Friso Douwstra, Eke Folkerts en Matthijs de Vries foardroegen

Eke Folkerts (BBB), Friso Douwstra (CDA) en Matthijs de Vries (ChristenUnie) binne de lêste trije kandidaten foar de nije Deputearre Steaten.
Earder waard al bekend dat Femke Wiersma de earste kandidaat-deputearre is foar de BBB. De Partij van de Arbeid skode trije wiken lyn Jelle Zoetendal nei foaren as deputearre. Mei de fiif kandidaten is it beëage nije deistige bestjoer fan de provinsje bekend.
De BBB is de grutste partij wurden by de Provinsjale Steateferkiezingen fan maart, mei 14 fan de 43 sitten. Se binne ûnder lieding fan formateur Oebele Brouwer no mei de PvdA, CDA en ChristenUnie yn petear om ta in nije provinsjale koälysje te kommen.
Folkerts is dus de twadde kandidaat-deputearre foar de BBB. Se seit der in soad nocht oan te hawwen: "In skoft ferlyn waard ik benadere, ik haw deroer neitocht en 'ja' sein. Ik wol my graach ynsette foar Fryslân, foar de mienskip en de lânbou. Der moat in soad barre."
Sa wol se dat de bestjoerskultuer transparanter wurdt. "Dat minsken better witte wat we dogge. En we moatte trochpakke." De nije koälysje dêr't sy diel fan útmakket, betsjut neffens har 'in goed begjin en in frisse wyn'. Folkerts hat noch gjin foarkar útsputsen foar wêr't se har op rjochtje wol. "Der is in soad wat my oansprekt."
Douwstra wie listlûker foar it CDA by de ôfrûne ferkiezingen. Hy is sûnt 2021 ek al deputearre, nei't er Sander de Rouwe opfolge. Earder wie er fraksjefoarsitter en wethâlder foar it CDA yn Ljouwert.
De Vries wie by de Steateferkiezingen listlûker foar de ChristenUnie. De ôfrûne fjouwer jier wie er Steatelid.