Geert-Arend Roorda wurdt assistint-trainer by RKC Waalwijk

Geert-Arend Roorda as trainer fan Jong Sparta © Orange Pictures
Geert-Arend Roorda giet oan de slach as assistint fan Henk Fraser by RKC Waalwijk. De ploech út Brabân einige dit seizoen as njoggende yn de earedivyzje.
Roorda komt út de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean en wûn yn 2009 mei dy klup de KNVB-beker. Dêrnei spile er noch foar NEC, Excelsior en Sparta. Nei syn karriêre as middenfjilder wie Roorda aktyf as jeugdtrainer by Sparta. It ôfrûne seizoen wie er haadtrainer fan Jong Sparta. Dy ploech einige as tsiende yn de twadde divyzje.
No wurdt er dus de assistint fan Henk Fraser, dy't fan 2018 oant en mei 2022 ek by Sparta wurke. Fraser folget Joseph Oostingh op, dy't nei FC Twente giet.
De oare assistint fan Fraser wurdt Adil Auassar. Hy spile dit seizoen foar Sparta, mar hat in punt efter syn aktive karriêre setten.