Fan dûnsjen op de bar yn Bulgarije nei gearlibjen yn België: it ferhaal fan Ester út Reahel

Ester Rodenberg út Reahel wennet no yn België © Eigen foto
It begûn allegear mei dûnsjen op de bar en no wennet Ester Rodenberg út Reahel yn België. Se wie mei freondinnen op in feestfakânsje yn Sunny Beach yn Bulgarije, doe't se har takomstige freon moete.
"Der wie in jonge dy't sei dat ik fan de bar ôf moast", laket Ester. "Hy fûn my wol leuk en woe graach in praatsje mei my meitsje." It wie gjin leafde op it earste gesicht, fertelt se. "Nei de fakânsje holden we wol kontakt en bleaune we mekoar sjen." Nei in pear moannen sloech de fonk oer en waard it "echt in relaasje".
Sa komt it dat Ester no sûnt 2,5 jier yn België wennet, mei har freon Stef. "Yn it begjin wie it wennen, mar no sit ik dêr wol hielendal op myn plak." Foar har baan reizget se noch wol nei Nederlân, want se wurket yn Breda. "Ik wenje flakby Antwerpen, dus dat is in oerke riden."
Ester mei har Belgyske freon Stef © Eigen foto
Stef fertsjinnet jild mei fuotbaljen, en wurket der ek noch by. Ester is lykwols gjin fuotbalfrou, seit se. "Sa sjoch ik my net, hear."
Unwennich fan Fryslân is se net, mar har freonen en famylje mist se wol. "It is foaral it spontane dat ik mis. Even jûns mei in freondinne op it terras sitte of even by heit en mem in bakje kofje drinke, dat kin net samar even."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Yn it begjin koe Ester dreech kontakt lizze mei de Belgen yn har omjouwing. "Ik bin middenyn de coronatiid ferhuze, dus dat wie yn it begjin echt wol pittich. Mar ik gong wurkjen yn it kafeetsje by ús yn it doarp en dat hat der wol foar soarge in soad sosjale kontakten op te dwaan."
Belgen binne wat ôfhâldend, leit Ester út. "Dy binne wol wat minder sosjaal as Friezen, fyn ik. Dat wie yn it begjin wol wennen, mar no giet it hartstikke goed."
Ester mei har freondinnen © Eigen foto
Ester kin ek al in aardich wurdsje Flaamsk, want se hat altyd minsken om har hinne dy't Flaamsk prate. "Myn freon is fansels ek Flaamsk, dus dan nimst it dochs wol maklik oer."
Op syn beurt praat Stef al in bytsje Frysk. "Yn it begjin hie er wol muoite om my te ferstean, mar yntusken hoege wy ús eins hielendal net mear oan te passen. Dat diene we earst wol, sadat hy ús wat folgje koe. Dan praten wy Nederlânsk, mar dat dogge we hielendal net mear. Hy kin it prima ferstean."
Om de twa, trije wiken is Ester noch wol in wykeintsje yn Fryslân te finen. "Om myn famylje en freondinnen te sjen. Uteinlik is it ek mar trije oerkes riden", beslút se.