Yn memoriam: Marius de Boer (1961-2023)

© Facebook Mariusz
Marius de Boer wie sêftaardich en bedachtsum en dat klonk troch yn syn teksten: dy wienen poëtysk, bytiden surrealistysk. Dat seit Beart Oosterhaven, dy't faak mei De Boer oan teksten fan de band Reboelje skreau.
De Boer is it ôfrûne wykein stoarn op 62-jierrige leeftiid. Neffens Oosterhaven wie er ien fan de earsten dy't - bûten de folkmuzyk - op in natuerlike wize gebrûk makke fan it Frysk, wylst er feitlik út in Hollânsktalige húshâlding kaam.
"Reboelje wie ien fan de earste grutte, Fryske bands dy't Frysktalige muzyk makke. Dêrmei hat er in hiel soad oaren ek op 'e smaak brocht om it yn it Frysk te dwaan. Dy rol is hartstikke grut."
Yn memoriam: Marius de Boer (1961-2023)
Tsjinoer De Boer syn sêftaardichheid en bedachtsumheid stie neffens Oosterhaven in geweldige kreativiteit en drive om muzyk en teksten te meitsjen, om warber te wêzen yn it kulturele segmint.
"As we mei teksten oan de gong wienen, kaam der in soarte fan fulkanyske enerzjy yn him frij. Dat hie er ek as er op it poadium stie, hy wie in echt poadiumdier. Hy wie de frontman en de lieder fan de band, dat siet yntrinsyk yn him."
De Boer hat in geweldige neilittenskip, seit Oosterhaven. "Yn it earste plak tsien albums mei Reboelje, dêr't er de skepper en skriuwer fan wie. Dan hat er noch in stikmannich eigen albums makke."
Reboelje in 1999 © Omrop Fryslân
Mar net allinnich as muzikant wie De Boer fan grutte ynfloed: "Begjin jierren 90 hat er syn label Marista oprjochte. Dêr hat er sa'n 300 albums op útbrocht. Net allinnich fan Reboelje en oare Frysktalige artysten, mar fan streektaalartysten troch hiel Nederlân. Hy hat in geweldich grutte rol spile foar de totale streektaalmuzyk."
"Syn alderearste bands wienen Ingelsktalich, mar doe tocht er: wêrom net yn it Frysk? Doe't er ien kear oerskeakele wie, krige er ek each foar alle oare streektalen yn Nederlân. Hy fûn it belangryk dat dy muzyk ûnder de minsken kaam."
Hy woe graach wat neilitte, dat hat er ek hiel dúdlik dien.
Beart Oosterhaven oer Marius de Boer
Foar Oosterhaven sels kaam it ferstjerren fan De Boer as in skok. "Ik wist net dat er siik wie en dat dy sykte sa hurd om him hinne grypte. Marius wie noch fan doel om yn de rin fan juny in nij album út te bringen. En no is er ferstoarn."
De Boer wie noch lang net klear: "Hy buorrele fan de ideeën, dat woe er ek graach nei bûten ta bringe. Earst wat singletsjes, dan in album. Hy woe graach wat neilitte, dat hat er ek hiel dúdlik dien. In man fan in ûnfoarstelbere grutte betsjutting foar de muzyk."