Twadde needopfang gemeente Ljouwert: plak foar 130 flechtlingen yn hotel yn Goutum

Hotel Campanile © Google Street View
It COA mei fan it kolleezje fan de gemeente Ljouwert de kommende tiid asylsikers opfange yn hotel Campanile yn Goutum. Yn de needopfang is plak foar 130 flechtlingen.
De opfang yn Goutum moat it oanmeldsintrum yn Ter Apel ûntlêste. De asylopfang yn Nederlân rint fêst. Dat komt trochdat der mear flechtlingen komme as dêr't op rekkene wie en trochdat der minsken dy't hjir bliuwe meie, lang wachtsje moatte op wenromte. Dy moatte dan lang yn in azc wenje.
It COA hat ek noch te krijen mei tydlike kontrakten foar azc en needopfanglokaasjes. Dêrtroch is der te min plak foar alle asylsikers. De lêste wiken is de druk op it oanmeldsintrum yn Ter Apel wer sa grut wurden, dat it COA Ljouwert frege hat om in twadde needopfanglokaasje mooglik te meitsjen, njonken Heliconstate. Dêr is plak foar 340 flechtlingen.

COA regelet it measte

Campanile is neffens it COA geskikt as twadde lokaasje: der binne fyftich twa- en trijepersoanskeamers, in gruttere romte om te iten en ôf te praten en romten foar personiel.
Doe't it COA him melde by de gemeente, moast de gemeente earst bepale oft dat wol koe, fertelt wethâlder Nathalie Kramers. "Onze houding is steeds geweest dat we graag onze bijdrage willen leveren, áls we het kunnen waarmaken, bijvoorbeeld op het gebied van onderwijs en zorg. In dit geval was het antwoord daarop 'ja'."
Dat komt ûnder oare omdat it COA sels it measte regelet, jout se oan. "Zij zorgen voor de opvang, de begeleiding, medische zorg en voor de beveiliging van de locatie. En omdat het niet om gezinnen gaat, komen er ook niet veel kinderen bij die naar school moeten. We hoeven dus geen extra beroep te doen op de scholen."

Ynrinjûn

Nei't boargemaster en wethâlders tiisdeitemoarn ynstimden mei it fersyk fan it COA, binne de ried en de omwenners fan de lokaasje ynformearre. "We hebben huis aan huis een brief in de bus gedaan bij iedereen die in Goutum woont en bij de bedrijven. En maandagavond is er een inloopavond in Campanile waar mensen terechtkunnen met hun vragen."
Kramers kin noch net sizze wannear't de earste flechtlingen ynlûke yn Campanile. Mooglik foar de simmerfakânsje al, ek omdat der oan de lokaasje net mear in soad hoecht te gebeuren.
De lokaasje sil yn earste ynstânsje in jier tsjinst dwaan as opfangplak, mei mooglik noch in jier ferlinging.