Klaas Agricola mei troch as boargemaster fan Dantumadiel: "Mei folle enerzjy"

Boargemaster Klaas Agricola fan de gemeente Dantumadiel © Gemeente Dantumadiel
Boargemaster Klaas Agricola mei de kommende seis jier troch as boargemaster fan Dantumadiel. De gemeenteried naam it advys fan de fertrouwenskommisje oer om Agricola wer te beneamen as boargemaster.
"Wy hawwe as fertrouwenskommisje in funksjonearringspetear hân mei hear Agricola", spruts Hilda Zwart út namme fan de fertrouwenskommisje. "Hy is in boargerheit dy't hiel goed past by plattelânsgemeente Dantumadiel. Wy wolle Agricola dêrom foardrage foar werbeneaming."
De gemeenteried naam dat advys oer, wat betsjut dat Agricola foar in twadde termyn fan seis jier beneamd wurdt as boargemaster fan Dantumadiel.
Hjir wenje prachtige minsken mei it hert op 'e tonge. Earlik en direkt.
Klaas Agricola oer de ynwenners fan Dantumadiel
"Ik bin hjir hiel bliid mei", reagearre Agricola. "Ik kom út de Súdwesthoeke en kaam nea yn de Wâlden, mar ik ha hjir no seis jier wenne en fiel my hjir thús. Hjir wenje prachtige minsken mei it hert op 'e tonge. Earlik en direkt."
Agricola is de gemeenteried tankber foar de werbeneaming. "Ik wol de kommende jierren mei folle enerzjy troch mei dit moaie amt yn in moaie gemeente. Tankewol foar it yn my stelde fertrouwen."