Sintrale foar 'blauwe stroom' krijt 1,2 miljoen subsydzje fan provinsje

De provinsje stelt 1,2 miljoen euro beskikber foar it Blue Energy-projekt op de Ofslútdyk. Dêrby wurdt swiet en sâlt wetter brûkt om enerzjy op te wekken.
Dat hjit saneamde 'blauwe' stroom. Dêr wurdt op 't heden al in proef mei dien. De provinsje neamt it in foardiel dat by dit projekt, yn tsjinstelling ta sinne- en wynenerzjy, 24 oeren deis en sân dagen yn 'e wike enerzjy opwekt wurde kin.
Mei it systeem wurdt enerzjy wûn út it ferskil yn sâltkonsintraasje tusken swiet en sâlt wetter. Troch it swiete en sâlte wetter by membranen del te fieren, ûntstiet der in spanningsferskil. Dat kin omset wurde yn elektrisiteit.
Wettertechnology-ynstitút Wetsus leit yn ûndersteande fideo út hoe't 'blauwe enerzjy' wurket:
Earder dit jier kamen fan oare partijen ek fiif miljoen beskikber foar de Blue Energy-sintrale. Mei it jild fan de provinsje derby kin dy proef útwreide wurde. De inisjatyfnimmers wolle sa oantoane dat it technysk en ekonomysk helber is om skjinne enerzjy op te wekken yn in kwetsber natuergebiet as de Waadsee.
De ynstallaasje kin alle jierren goed 40 trochsneed wenningen fan de duorsume 'blauwe stroom' foarsjen. De inisjatyfnimmers wurkje ek oan plannen foar in gruttere sintrale, dy't enerzjy leverje moatte kin oan sawat de helte fan alle Fryske hûzen.