Fuotbalster Sisca Folkertsma tekenet by Feyenoord: "Myn favorite klup"

Sisca Folkertsma © Orange Pictures
Fuotbalster Sisca Folkertsma út Sleat komt werom nei Nederlân. De 26-jierrige middenfjilder komt oer fan FC Girondins de Bordeaux en sil kommend seizoen oan 'e slach by it frouljusfuotbalteam fan Feyenoord.
Folkertsma tekenet by de Rotterdamske klup in kontrakt oant healwei 2025. "Feyenoord is fan lyts ôf oan myn favorite klup. Hjirtroch is it foar my spesjaal dat ik hjir in kontrakt tekenje mocht", seit se.
Yn Frankryk spile Folkertsma yn totaal twa seizoenen. Ein 2021 rûn se in swiere knibbelblessuere op en kaam dêrtroch even net mear foar Oranje út. Bûnscoach Andries Jonker rôp Folkertsma twa moanne lyn op foar de oefenwedstriden tsjin Dútslân en Poalen.