Trije Friezen op drompel fan Earste Keamer, ien yn de wachtkeamer

Tineke Huizinga (ChristenUnie), Hetty Jansen (PvdA), Auke van der Goot (OPNL), Tineke Schokker (CDA) © Omrop Fryslân / ANP / FNP
Trije Friezen meitsje in goede kâns om yn de Earste Keamer te kommen. It giet om Hetty Janssen (PvdA), Tineke Huizinga (ChristenUnie) en Auke van der Goot (OPNL). Tineke Schokker (CDA) sit noch yn de wachtkeamer.
De 75 Earste Keamerleden binne hjoed keazen troch de leden fan de Provinsjale Steaten. De grutste fraksje is dy fan de BBB wurden, mei sechstin sitten. Dêr sitte lykwols gjin Friezen by. De twad grutste fraksje wurdt dy fan PvdA/GrienLinks.
Hjoed is bekend wurden hoefolle sitten oft elke partij krijt, mar de foarkarsstimmen wurde tongersdei pas bekend. Dêrom is it noch net dúdlik hoe't de presize gearstalling fan de Earste Keamer wurdt.

Hetty Janssen

Mei in tredde plak op de list fan de Partij van de Arbeid is Huzumer Janssen wol wis fan plak. Janssen siet de ôfrûne tolve jier yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân en waard earder dit jier troch har kollega-Steateleden sels útroppen ta 'bêste Steatelid'.
Hetty Janssen © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Janssen woe nei de maksimum termyn fan tolve jier as Steatelid graach polityk aktyf bliuwe foar har partij. De PvdA krijt sân sitten yn de senaat, mar foarmet ynkoarten ien fraksje mei de sân senatoaren fan GrienLinks.

Tineke Huizinga

Tineke Huizinga kin har opmeitsje foar har twadde perioade yn de Earste Keamer. Fjouwer jier lyn kaam se dêr foar it earst yn en sûnt 2021 is se fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie. De ChristenUnie komt diskear út op trije sitten.
Tineke Huizinga © ANP
It waard de ôfrûne wike dúdlik dat it bestjoer fan de partij aktyf op syk is nei mooglike stipe fan oare partijen. Dat giet allegear om de striid om restsitten. De ChristenUnie is dêr net unyk yn, want oare partijen dogge dat ek.
Huizinga wie earder gemeenteriedslid yn Hearrenfean, lid fan de Twadde Keamer, steatssikretaris fan Ferkear en Wettersteat en ek koart minister fan Folkshúsfêsting, Romtlike Oardering en Miljeubehear.

Auke van der Goot

Auke van der Goot groeide op yn Fryslân, mar wennet yn Grins. Dat is foar syn kandidatuer foar de senaat foar OPNL (foarhinne OSF) út namme fan de FNP perfoarst gjin neidiel, want sa kin hy ek maklik de kontakten ûnderhâlde mei de Grinslanner regionale partij Groninger Belang. "Ik wit goed wat der yn Grinslân spilet, en dat fine se hjir belangryk."
Auke van der Goot © FNP
Van der Goot ferwachte stimmen út sân fan de tolve provinsjes te krijen. Net allinnich fanút Fryslân en Grinslân kin er rekkenje op stipe, ek Steateleden fan regionale partijen yn Drinte, Flevolân, Limburch, Brabân en Seelân ha tasein op him stimme te sillen. "Dat soe genôch wêze moatte. As it goed is, hâlde we sels in pear stimpunten oer."
Van der Goot hat it oan tiid om Earste Keamerlid te wurden, want hy gie koartlyn op pensjoen as amtner op it ministearje fan Ynlânske Saken. Mei it each op syn mooglike lidmaatskip fan de senaat hat de Grinzer Fries syn appartemint yn Den Haag oanhâlden. Dy omstannichheid soarget der yn alle gefallen foar dat er nei de lange fêste fergaderdei op tiisdei net werom hoecht te reizgjen nei de stêd mei de Martinitoer.
Van der Goot wurke earder as amtner foar de provinsje Fryslân en yn Brussel as burohaad foar it net mear besteande European Bureau of Lesser Used Languages (EBLUL).

Tineke Schokker

Tineke Schokker liket krekt bûten de boat te fallen, mar se is noch net kânsleas. De âld-ûnderwizeres út Eastermar stiet op plak sân fan de CDA-list, de partij dy't seis sitten krijt. Der hat lykwols in lytse regionale kampanje west om Steateleden op Schokker stimme te litten. Sa soe se der mei foarkarsstimmen noch yn komme kinne.
Tineke Schokker © ANP
Yn alle gefallen de Fryske Steateleden ha op Schokker stimd. It Fryske CDA hat ek de ôfdielingen fan Grinslân en Drinte frege om de kandidatuer fan Tineke Schokker te stypjen.
Omdat de útslach op kandidaatnivo pas tongersdei bekend wurdt, moat Schokker noch in pear dagen wachtsje oant se wit oft se oer in oare CDA-kandidaat hinne springt.
Schokker siet acht jier lang yn de Fryske Provinsjale Steaten en wie dêrnei ek acht jier deputearre. Fan 2015 oant en mei 2021 wie se boargemaster fan Flylân, wêrfan de earste twa waarnimmend.

Krekt net

Max Aardema like ek kâns te meitsjen op in plak yn de senaat: hy stiet op it fiifde plak fan de PVV-list. Dy partij stie yn de prognoaze op fiif sitten, mar rekke in restsit kwyt. De Drachtster liket it dêrom krekt net te heljen.
De sitferdieling yn de nije Earste Keamer:
Njonken boppesteande Friezen, binne der ek noch senatoaren mei in Fryske link. Tink oan Caspar van den Berg fan de VVD: hy stiet op it achtste plak. Van den Berg wennet offisjeel yn Den Haag, mar reizget op en del nei syn 'twadde wenplak' Ljouwert, dêr't er lesjout op de Campus Fryslân.
En âld-boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert giet ek op foar syn twadde termyn yn de Earste Keamer. Crone naam yn 2019 ôfskied as boargemaster en begûn datselde jier as Earste Keamerlid. Yntusken wennet er yn Haarlem.
De Earste Keamerleden wurde keazen troch de leden fan Provinsjale Steaten, dy't yn maart sels keazen binne by de Steateferkiezingen.
De Steateleden yn alle provinsjehûzen stimden hjoed tagelyk. De ferkiezingen binne yngewikkeld, want net elke stim telt like swier: sa hat de stim fan in Frysk Steatelid in wearde fan 153, mar dy fan ien út Súd-Hollân hat 692. Dat hinget gear mei it tal ynwenners. Dêrnjonken binne der ek noch in pear kieskolleezjes, lykas dy fan Nederlanners yn it bûtenlân en dy fan Karibysk Nederlân.