Nei Frysk binne de eineksamens dien: "Ik tocht, sa maklik kin it dochs net wêze?"

© ANP
De eineksamens binne foarby. Op de lêste dei stie tiisdei ûnder oare it eksamen Frysk foar vmbo, havo en vwo noch op it programma. En ek dit jier wiene der wer mear learlingen dy't it eksamen ôfleinen as it jier derfoar.
"Ik ha der wol in goed gefoel oer", is it earste dat Jeska Groen seit wannear't se klear is mei har eksamen. Se sit yn 6 vwo en hat krekt trije Fryske teksten mei fjirtich fragen trochwraksele.
Har freondinne Mette falt har by. "Ik fûn de fragen dreger as by de oefenteksten dy't we makke ha de ôfrûne tiid. Mar op himsels ha ik it eksamen wol goed makke, hear."
Eineksamen Frysk yn it fuortset ûnderwiis: "It is dochs je memmetaal"
"Wol sieten der in soad útlisfragen by. Dat binne fragen dêr't ik altyd in soad tekst by opskriuw en dat kostet wol in soad tiid", seit Mette. Har freondinne fernuvere har oer in fraach oer tsjinstellingen. "Ik tocht, wat freegje se no? Sa maklik kin it dochs net wêze? Mar ik ha krekt heard fan frou Wallinga dat it yndied sa maklik wie."

Frysk yn 'e lift

Dit jier binne der 176 learlingen dy't eineksamen Frysk dogge. Dat binne der 20 mear as ferline jier. Yn lichte stiging dy't se by it Drachtster Lyceum ek sjogge.
"In hiel lyts bytsje, want hiele grutte oantallen binne it noch net", fertelt Ans Wallinga. Sy is dosint Frysk op de skoalle. "Hjoed dogge by ús 17 learlingen eksamen. Sy binne fan hûs út hast allegear Frysktalich."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Lykas by oare taalfakken waard tiisdei benammen de lêsfeardigens op de proef steld. "Ik ha sels it vwo-eksamen makke", fertelt Wallinga. "Ik fûn de teksten hiel leuk, oer eksoaten yn de Waadsee en oft der in Frysktalich literêr festival komme moat."

Hereksamens

"Ik tink wol dat it te dwaan wie, al hiene hast alle learlingen 2,5 oere nedich. Ik sil aanst earst myn eigen neisjen, sa nijsgjirrich bin ik dan ek wol wer", laket Wallinga.
De measte eksamenlearlingen yn it middelber ûnderwiis hearre woansdei 14 juny oft se slagge binne of net. Moandei 19 juny begjinne de hereksamens foar de learlingen dy't it net helle ha.