Muzikant Marius de Boer op 62-jierrige leeftiid stoarn

Muzikant Marius de Boer is nei in koart siikbêd stoarn. De út Stiens ôfkomstige De Boer waard ferneamd as mei-oprjochter en frontman fan Reboelje en wurke de ôfrûne jierren noch as solo-artyst. Hy is 62 jier wurden.
Sûnt inkelde wiken wie De Boer siik, dochs komt syn ferstjerren ûnferwachts. Ein jierren santich, begjin jierren tachtich, begûn De Boer mei bands as Elected en Ambassador Betterhead. In pear jier letter seach Reboelje it libbensjocht, wêrmei't De Boer ûnder oare yn it bûtenlân toerde.
Muzikant Marius de Boer stoarn
"It wie in moaie tiid: yn it oefenhok spylje, ouwehoere en bierdrinke", fertelde De Boer dêr yn desimber noch oer. "It wie in hechte klup, de basis wie dat we deselde muzyksmaak hienen en it klikte enoarm. We ha in hiel soad wille hân. It wie echt in jongesboek."

Reboelje hat fyftjin jier bestien. It grutste kommersjele sukses wie 'Marije Maria', dat yn 1998 útkaam. It nûmer stie geregeld op nûmer 1 yn de Fryske top 100. Nei't Reboelje yn 2003 ophold te bestean, stapte De Boer in skoftke út de muzyk.
Willem de Vries prate yn desimber mei de muzikant fan Stiens. Yn Noardewyn wurdt dat ien-op-ien petear tiisdei tusken 18.00 en 19.00 oere werhelle.
Yn 2005 gong er fierder as solo-artyst ûnder de namme Mariusz. Ferline jier begûn er noch mei de opnamen fan in nij album en brocht er ek fjouwer singles út. En oardel wike lyn waard noch de single 'Ik bedarre yn 'e himel' publisearre.
De Boer, dy't yn Ljouwert wenne, lit in frou en twa bern efter.
Sjoch hjir nei in portret oer Reboelje út 1999: