Nyck de Vries hoecht net benaud te wêzen foar syn posysje nei bêste race fan it jier

"Foarearst sille we neat dwaan." It binne de ferlossende wurden fan Red Bull-kopstik Helmut Marko oan it adres fan Nyck de Vries nei syn solide race yn Monako.
De Vries einige snein as tolfde, syn bêste resultaat oant no ta yn de Formule 1. De AlphaTauri-koereur koe yn de fiif races hjirfoar noch gjin yndruk meitsje (twa kear 14e, ien kear 18e en twa kear net útriden), wêrnei't er fan de teamlieding te hearren krige dat er gau ferbettering sjen litte moast om syn plakje te behâlden. Benammen it tal sloardichheden dat De Vries begong yn de races smiet him krityk op.
Helmut Marko, adviseur fan topteam Red Bull en opliedingsformaasje AlphaTauri, liet witte dat De Vries noch trije races de tiid krije soe om ferbettering sjen te litten. Letter ûntkende Marko dat er soks sein hie. Nettsjinsteande hat De Vries mei syn tolfde plak yn Monaco kritisy foarearst stil krigen.
Hege druk
Om yn Monako - in sirkwy wêrby't elk flaterke fuort ôfstraft wurdt - ûnder grutte druk dyn bêste race fan it seizoen te riden, is in lestige opjefte. Mar De Vries stelde net teloar. Sterker noch: yn de kwalifikaasje ferovere er syn bêste startplak fan it seizoen (tolfde) en yn de race bleau er skerp ûnder ferriederlike omstannichheden.

Boppedat finishte de koereur út Twellingea foar it earst dit seizoen foar syn teamgenoat Yuki Tsunoda, dy't yn de rein mei remproblemen kampte. De Vries wie sels net bot tefreden oer syn racesnelheid, Red Bull-topman Helmut Marko wie wol loovjend oer syn prestaasje. En de stim fan Marko telt swier yn de autosport.
Dit hat mei ôfstân syn bêste wykein foar AlphaTauri west.
Marko lit oan Motorsport.com witte dat hy mear fan dit soarte races sjen wol en befêstiget dat der op koarte termyn net yngrepen wurdt. "Dit hat mei ôfstân syn bêste wykein foar AlphaTauri west. Nyck siet ôfrûne wykein folle tichter by Yuki as earder. Dat is wat ik fan him sjen wol."
Tsunoda ferslaan
Yn Monako wie Tsunoda noch hieltyd de rappere AlphaTauri-koereur. De Japanner, dwaande oan syn tredde seizoen, is de revelaasje fan it seizoen. Noch net earder prestearre er sa goed en konstant. It is saak foar De Vries om syn teamgenoat op syn minst by te hâlden.
"It wie ús idee om ien nei it team te heljen dy't al ûnderfining hie en dy't Yuki útdaagje kin. Dat is oant no ta noch net echt bard, mar dat is wol it belangrykste", seit Marko.
Foarearst feilich
Mei syn tolfde plak yn Monaco hat De Vries sjen litten dat er ticht by Tsunoda sit. Hy hoecht dus foarearst net benaud te wêzen dat er troch de teamlieding oan de kant set wurdt, befêstiget, Marko: "Der hat nea in deadline west. Wy besjogge it kontinu en beoardielje de prestaasjes. As wy hannelje moatte, dan sille wy hannelje. Mar foarearst sille we neat dwaan."