Rykswettersteat: Stikkene autobrêge yn Holwert soe ynkoarten renovearre wurde

© CAMJO Media
De stikkene autobrêge yn de fearhaven fan Holwert soe oer in pear wike yngreven renovearre wurde. Dat seit wurdfierder Christiaan Kooistra fan Rykswettersteat.
De brêge, wêrfan't in saneamde lierkabel it moandeitejûn bejoech, is yntusken sa'n 35 à 40 jier âld. Der wurdt no sjoen oft de renovaasje nei foaren helle wurde kin.
De feartsjinst tusken It Amelân en Holwert is tiisdeitemoarn wer opstart. Fearboat MS Sier moast moandei werom nei it eilân troch de stikkene autobrêge yn Holwert. "Er is een kraan aanwezig in Holwert, die zal de brug gaan bedienen", seit direkteur Ger van Langen fan ferfierstsjinst Wagenborg tiisdeitemoarn.

Tydlike oplossing

It giet om in hege teleskoopkraan, dêr't de autobrêge hânmjittich mei omheech en nei ûnderen tild wurdt. Rykswettersteat, de eigener fan de brêge, seit dat dizze oplossing brûkt wurde sil oant de brêge wer makke is. Dy reparaasjewurksumheden wurde wer oppakt as jûns de lêste boat oankommen is.
De brêge wurdt mei in kraan betsjinne
Moandeitejûn koenen auto's troch in stikkene autobrêge yn de haven Holwert de fearboat net ferlitte. Sa'n hûndert passazjiers wiene de dupe en sieten fêst op de boat. "Mensen die lopend waren hebben de boot wel verlaten", seit Van Langen.
Alle oare passazjiers moasten oan board bliuwe. It probleem wie in saneamde 'lierkabel', dy't stikken wie. "Die autobrug is de achilleshiel van de veerdienst."

Achterút fan board

De boat is moandeitejûn weromfearn nei It Amelân en auto's binne der achterút wer ôfriden. Reizgers binne ûnderbrocht op opfanglokaasjes.
RTV NOF prate mei in pear fan dy reizgers en mei direkteur Ger van Langen fan Wagenborg:
Yn de rin fan de moarn is de tsjinstregeling wer oppakt. "De eerste boot is onderweg", seit Van Langen. "We verwachten nog wel vertraging. Dit keer is niet de vaargeul de oorzaak, maar de autobrug."