Hûndert reizgers oeren fêst op fearboat Holwert troch stikkene autobrêge

De stikkene autobrêge yn Holwert © CAMJO media
Troch in stikkene autobrêge yn Holwert kinne auto's de fearboat MS Sier net ferlitte. Sa'n hûndert passazjiers binne dupearre: sy sitte foarearst fêst op de boat.
De Sier kaam om 19.50 oere oan yn Holwert. Minsken dy't net mei de auto binne, koenen gewoan fan de boat ôf, mar alle oare passazjiers moatsen oan board bliuwe.
In oplossing kin noch lang duorje, mooglik oant djip yn de nacht, seit wurdfierder Christiaan Kooistra fan Rykswettersteat. Direkteur Ger van Langen fan rederij Wagenborg baalt: "Dit is een vreselijk probleem. De autobrug is de achilleshiel van de veerdienst." Der stiet no dus in folle boat yn de haven fan Holwert. "Dat betekent 65 auto's."
It probleem is de saneamde 'lierkabel', seit Kooistra. "Monteurs zijn onderweg. En als het niet lukt om het probleem op te lossen, dan is er nog een kraan, waarmee we handmatig de brug kunnen bedienen." Dat soe derfoar soargje moatte dat de auto's de boat yn alle gefallen ferlitte kinne.
De bedoeling is dat alle auto's fannacht noch fan de boat ôf geane. Passazjiers dy't op de boat bleaun binne, kinne dat sels dwaan. Oaren ha sels ferfier nei hûs ta regele en de autokaai achterlitten. Dy auto's wurde yn de rin fan de nacht nei in plak yn Holwert ta brocht, dêr't se tiisdei ophelle wurde kinne.

Auto's yn de nacht fan de boat ôf

De oare fearboat tusken It Amelân en Holwert, de MS Oerd, wie ûnderweis nei de fêste wâl, mar dêr kin mar ien skip tagelyk lizze. De Oerd is dêrom weromfearn nei It Amelân. Letter fannacht sil ek dy boat dochs nei Holwert ta farre, sadat ek dy auto's derôf kinne. Dan binne beide boaten tiisdei wer ynsetber foar de feartsjinsten.
Symen Holwerda lit syn auto achter op de fearboat
Van Langen fynt it hiel ferfelend foar de reizgers dy't op ien fan de boaten sitte. Dy moatte in hiel soad geduld ha, omdat alles wol oeren duorret.
"Dat vinden we heel erg. Ik weet zeker dat Rijkswaterstaat er alles aan doet om het op te lossen, maar er zijn wel veel mensen gedupeerd. Het is heel vervelend als je dénkt dat je naar huis gaat, maar dat niet doorgaat."
Wat de passazjiers no dwaan moatte, is oan harsels. Van Langen: "We kunnen niet anders dan de mensen informeren en we geven aan dat we ze sowieso naar de overkant gaan brengen. We weten alleen niet hoe laat dat gaat zijn."
Als het deze nacht nog wordt opgelost, dan ga ik naar m'n vrouw.
In Belgyske toerist
Ien fan de minsken dy't op de boat siet, is Pascal De Kiemp út België. Dy siet mei syn frou en hûn op in bungalowpark yn Lauwerseach, mar moandei wienen se in dei nei It Amelân ta. "Een magnifiek eiland, maar toen we hier weer aankwamen, konden we de boot niet verlaten."
Syn frou is yntusken mei de hûn wer nei it bungalowpark ta, mar De Kiemp sels bliuwt by de camper. "Die staat nog aan boord. Als het deze nacht nog wordt opgelost, dan ga ik naar m'n vrouw."

'Slaapzakje uitrollen'

In oare passazjier, Leonie Holwerda, seach fuort wol dat it probleem grut wie: "De autobrug hangt behoorlijk scheef, dus dat is niet in een uurtje op te lossen. M'n eerste gedachte was om hier m'n slaapzakje uit te rollen en te gaan slapen."
Uteinlik hat se noch ferfier regele en wurdt se ophelle. "En dan gaan we dinsdagochtend op en neer om de auto op te halen."

Boat werom nei It Amelân

Om kertier oer tolven sette de Sier dochs wer ôf rjochting It Amelân, rederij Wagenborg hie op it eilân foar de strâne automobilisten noch ûnderkommen regele, sadat sy dochs noch wat sliep krije koene. Foar Thomas Sprenkel út Dútslân waard it gjin oertocht werom, hy keas sprekwurdlik aaien foar syn jild.
Tiisdeitemoarn acht oere stiet syn earste fysioterapy-ôfspraak ynpland. "Dêr moat ik wêze foar in kliïnt fan my", fertelt er oan RTV NOF. Yn sân hasten is syn heit Wilhelm mei de auto oerkaam út de buert fan Meppen, sa'n 2 oeren hinne.
Thomas rydt sels werom, sadat er moarn op 'e tiid wêze kin. Yntusken is syn frou mei auto werom nei It Amelân gong, sadat sy moarnier harren eigen auto wer mei nei hûs nimme kin.
De meiwurkers fan KTF en Spie hawwe de hiele nacht trochwurke om it brêgedek fan tiisdei ôf mei in kraan sliftsje en sakje te litten.