Fertochten dea Lisette Elzinga foar de rjochter: dit is wêr't de saak oer giet

De stille tocht dy't foar Lisette Elzinga organisearre waard © Omrop Fryslân
Foar de rjochtbank fan Ljouwert tsjinnet tiisdei de saak Lisette Elzinga. Har dea as gefolch fan oermjittich gebrûk fan ferdôvjende middels late ein 2021 ta grutte ûnrêst op It Hearrenfean. In 49-jierrige man en 30-jierrige frou steane terjochte op fertinking fan dea troch skuld.
It Iepenbier Ministearje is fan miening dat de twa fertochten net op 'e tiid medyske help ynskeakele ha.
De doe 26-jierrige Lisette Elzinga ferstoar op 25 oktober 2021. It ynnimmen fan in kombinaasje fan alkohol, xtc, kokaïne en GHB waard har fataal. Tsien dagen dêrfoar waard se yn bewusteleaze tastân oantroffen yn de wenning fan in 49-jierrige man op It Hearrenfean.
GHB © Shutterstock
Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat Elzinga dy dei by fersin in slokje naam hie út in wetterfleske dêr't GHB yn siet. Elzinga ferlear doe it bewustwêzen en hie medyske help nedich. Dochs waard dy medyske help net fuortendaliks ynroppen.
Der is gjin bewiis fûn dat Elzinga de GHB mei opsetsin tatsjinne krigen hie.

'Bydroegen oan dea'

De twa fertochten yn de saak hawwe wol op ynternet socht nei ynformaasje. "Duidelijk is dat er zorgen waren over de situatie van het Lisette. Die zorgen waren dusdanig, dat de verdachten echt op zoek waren naar informatie hoe te handelen", sei parse-offisier fan justysje Debby Homans-de Boer dêr earder oer.
Pas nei twa en in heal oere waard de ambulânse belle. Dat wie yn striid mei de medyske advizen dy't de fertochten sels op ynternet fûn hienen. Neffens it Iepenier Ministearje hawwe se dêrmei bydroegen oan de dea fan Elzinga. It IM ferfolget harren dêrom foar 'dea troch skuld'.
Earder waard ek in oare ynwenner fan It Hearrenfean fertocht fan 'dea troch skuld'. Dy fertinking waard lykwols seponearre om't dy man ek in skoftke it bewustwêzen ferlern hie troch de ynname fan ûnder mear GHB. Der kin dus net bewiisd wurde dat de man op de hichte wie fan de tastân fan Elzinga.

Gjin bewiis foar sededelikt

Der is ek ûndersyk dien nei mooglike sededelikten dy't tsjin Elzinga en de 30-jierrige frou begien wêze soenen. Der is lykwols gjin bewiis fûn foar strafbere seksuele hannelingen. Dêrom waarden de fertinkingen tsjin de 49-jierrige man en de oare man seponearre.
Byld fan de stille tocht foar Lisette Elzinga © Omrop Fryslân
De dea fan Elzinga soarge foar in protte ûnrêst op It Hearrenfean. Al gau waarden nammen neamd fan minsken dy't wat te krijen hawwe soenen mei de dea fan Elzinga. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean rôp doe mei klam op om net mei te gean mei "al die wilde verhalen".
Freondinnen fan de ferstoarne frou organisearren inkelde dagen nei har dea in stille tocht. Sa'n tûzen minsken hawwe dêryn meirûn. De tocht wie organisearre "om stil te staan bij het veel te korte leven van Lisette". It waard in tocht neamd mei "liefde, warmte en lichtjes; want een lichtpunt is zij voor iedereen geweest".