WEROMBLIK: De alvestêdetocht op oare tsjillen as dy fan de fyts

© Omrop Fryslân
Twadde pinksterdei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht, mar de alve stêden wurde al jierren ek op oare wizen oandien. Neist kuierje en roeie kinne je ek gebrûk meitsje fan tsjillen en mei in step, motor, trekker of âlde auto de rûte troch Fryslân ride.
Yn de begjinjierren fan de Fryske telefyzje die de Omrop dêr gauris ferslach fan. Ien fan de swierste foarm fan de tocht op tsjillen is de stepalvestêdetocht. Dochs is der wol animo foar, want guon dielnimmers dy't de tocht fytsend, ridend en kuierjend dien hawwe, wolle dizze foarm fan ferfier ek ôfstreekje kinne.
Omrop Fryslân filme yn 1997 it lêste trajekt fan de steppers, en der komt net in Fries as earste oer de finish:
De autopetters starte om 12 oere nachts yn Boalsert en bliuwe fanwege de feiligens yn it tsjuster as groep byinoar oant Dokkum ta.

Mei de oldtimer

De tsiende oldtimer-alvestêdetocht wie yn 1994. Dêr diene doe 500 âlde auto's en motors, boud foar 1950, oan mei. De belangstelling foar it evenemint wie sa grut, dat de organisaasje tsientallen minsken dy't ek meidwaan woene, nee ferkeapje moast.
Omrop Fryslân tufte yn 1994 in stikje mei in âlde Ford mei:
It ridende oldtimermuseum is alle jierren op de sneons nei himelfeartsdei.

Op de trekker

Fersjoch jo net op de tocht op de trekker. It liket noflik toeren, mar je sitte twa kear in dei 12 oeren lang achterinoar achter it stjoer, op in trekker fan minimaal 35 jier âld. De start en finish is yn Ingelum.
Yn 1997 stiene der sawat 80 dielnimmers moarns betiid klear foar de earste lus fan de lange tocht fan 240 kilometer op de trekker:
Yn 1998 starten der 3600 motors op pinkstermoandei om by de Fryske alve stêden lâns te tuffen. Dat jier waard dizze fariant fan de tocht foar de 64ste kear hâlden. It is gjin wedstriid, mar it giet om gesellich meiïnoar troch Fryslân toeren.
Fanwege de matige snelheid hâlde de motorriders gauris skoft. Omrop Fryslân socht de dielnimmers yn 1998 op by in stimpelpost: