Liveblog | 29 maaie 2023

Dit wie de Fytsalvestêdetocht fan 2023: "In prachtdei"

Pinkstermoandei betsjut de Fytsalvestêdetocht! Lês hjir alles werom oer de prestaasje fan hast 15.000 fytsers.

Lêst bywurke: 29 maaie 2023, 22:13
22:13

De tinte giet ticht

Flak foar tsienen kaam Daphne Andreas út Zandvoort oan yn Boalsert. Se betocht ferline wike pas dat se meidwaan soe en hie gjin idee wat se ferwachtsje moast. Se hat it swier hân: "Ik dacht dat er in Zandvoort veel wind stond, maar hier is het echt gigantisch."
Se heart no wol echt by de famylje, fertelt Maaike Tolsma:
"Ze heeft eergisteren pas een fiets gekocht"
21:52

"In prachtdei"

It wie in geweldige dei, hielendal ferlike mei foarich jier. Dat seit foarsitter Stephan Rekker, foarsitter fan de tocht. "Ferline jier wie it dramatysk: drave, fleane, achter de feiten oan rinne. Mar hjoed wie it super, it wie genietsjen. It wie in fantastyske dei."
Dat is ek oan de sifers te sjen: "Net in soad útfallers, net in soad pech, net in soad ûngelokken. De helte fan wat we normaal ha, dus dan is it in superdei. Ik hoopje op noch twa of trije fan sokke edysjes."
Op it stuit binne der goed 13.000 minsken binnen. Dy binne yn de grutte tinte opfongen. "Dat dogge we oant in oere as 22.00", seit Rekker. "Dêrnei fange we de minsken op in oar plak op, wat ynformeler. Dat kin noch oant middernacht."
Stephan Rekker: "It wie super, it wie genietsjen"
21:35

Lêste fytser rydt foar goed doel

Om 21.10 kaam de lêste fytser fan dizze edysje troch yn Starum. "Foarich jier kaam ik hjirdel yn de biezemwein, mar ik fyts hjir foar in goed doel. Dus ek al krij ik gjim stimpel of medalje, ik fyts 'm út!"
It goede doel? "Dat is fan Ruud ten Wolde. Dy wie ferslachjouwer by RTL Boulevard, mar doe't er 29 jier wie, is er stoarn oan kanker. Hy hat it boek 'Ziek Gelukkig' skreaun, oer dat je ek gelokkich wêze kinne as je siik binne. In wike foardat it boek útkaam, is er stoarn. Doe ha syn famylje en syn freon de stichting oprjochte. Dy set 'm yn foar mentale soarch by kanker."
Lêste fytser wol jild ophelje foar mentale soarch by kanker
21:23

In folle kaart

21:15

Tsiis yn Warkum

De lêste fytsers sitte no tusken Starum en Warkum, mei Hylpen noch as tuskenpost. As je ienkear yn Warkum binne, dan hoege je noch mar trettjin kilometer. De fytsers dêr krije fan de organisaasje in blokje tsiis.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
20:37

Beppe rydt 'm foar it earst

Frijwilliger wêze by de lêste stimpelpost, yn de tinte yn Boalsert, is it moaiste putsje dat der is. Dat seit Els Smit. "We vinden het heel leuk om te doen. Er zijn allemaal enthousiaste mensen, iedereen is enthousiast als-ie binnenkomt."
Se krijt ek moaie ferhalen te hearren, want minsken wolle graach fertelle hoe't se it hân ha. "Er kwam hier net een vrouw die 'm voor het eerst gereden had. En ze vertelde dat ze vanochtend voor het eerst oma was geworden, dus dat is heel erg leuk."
Frijwilligers by de lêste stimpelpost