Noppert werom en Bekkema debutearret lang om let: dei fan de keepers by sc Hearrenfean

It wie snein de dei fan de keepers by sc Hearrenfean. Andries Noppert kaam werom fan in blessuere en waard útroppen ta spiler fan it jier, wylst Jan Bekkema nei trettjin jier sc Hearrenfean, wêrfan sân jier by de earste seleksje, lang om let debutearje mocht.
Noppert is bliid werom te wêzen op it fjild. Yn jannewaris rekke de doelman, dy't yn novimber furoare makke mei it Nederlânsk alvetal op it WK yn Katar, blessearre oan de ljisk. Dy blessuere hold him oant snein oan de kant.
Tsjin Go Ahead Eagles, syn âlde klup, wie hy der lang om let wer by. "Dit is it allermoaiste dat der is. Ik woe graach de ploech helpe, de klup helpe, de minsken bliid meitsje. As dat tsjin Go Ahead moat as der noch wat op it spul stiet, en do hâldst de nul en winst, dan kin it foar my net better."
Dei fan de keepers by sc Hearrenfean
Noppert is noch net pinefrij, mar fan de blessuere hat er gjin lêst mear. "Je binne altyd wol in bytsje stiif. Ast trije groepstrainingen meidochst en meist wer spylje, dan moatst efkes op gong komme."
By syn weromkommen yn it alvetal waard er fuort útroppen ta spiler fan it jier. Dat wylst Noppert dit seizoen mar 17 kear yn aksje kaam foar Hearrenfean. "Ik hie graach mear spylje wollen, mar ik ha in fantastysk WK meimakke, en dêrfoar wie it prima, dus it is moai dat de minsken yn my leauwe."
Debút Bekkema
Yn de 88e minút seach Noppert Jan Bekkema klearstean by de sydline. Noppert twivele net en skeat de bal fuort it fjild út sadat Bekkema deryn komme koe en syn debút meitsje koe. "Ast sjochst watfoar kollega hy is, dan fyn ik dat er it mear as fertsjinnet", seit de Jouster oer Bekkema.
Foar Bekkema fielt it noch wat nuver dat hy no, nei sân jier, syn debút makke hat yn it earste fan sc Hearrenfean. "Ik bin dêr hiel bliid mei en dat it je gund wurdt, dat is prachtich, fantastysk."
Bekkema hoegde net in soad te dwaan yn de minuten dat er spile. Hy hat twa kear in bal fuortsjitten. "En de nul holden", laket er.
Play-offs
Hearrenfean wûn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles úteinlik mei 2-0. De Friezen pleatse harren dêrmei foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Trainer Kees van Wonderen is dêr bliid mei. "Daar mogen we voorzichtig tevreden mee zijn, maar je blijft kijken naar wat er beter moet. Er zijn tal van dingen op te noemen, maar als je dan evengoed voor het tweede jaar op rij bij de eerste acht staat, is dat nog niet zo slecht."
Trainer Kees van Wonderen wol noch net prate oer in 'slagge seizoen'
"Ik vond de hele wedstrijd gelijkwaardig. Hij valt op de juiste momenten onze kant op. Het was een steekspel van het vinden van de ruimtes. Dit soort wedstrijden kunnen ook de andere kant op vallen, alleen vandaag gelukkig niet", analysearret Van Wonderen.
No tsjin FC Twente
Yn de earste ronde fan de play-offs treft Hearrenfean FC Twente. Dy ploech einige op it fiifde plak. "Ze winnen redelijk makkelijk, ook van Ajax. Wij zullen een topdag moeten hebben", wit Van Wonderen.
Earder dit seizoen wûn Hearrenfean thús mei 2-1 fan FC Twente en de útwedstriid einige yn 3-3. "Maar een makkie gaat het zeker niet worden."
Ferdigener Milan van Ewijk tinkt dat syn ploech wol in kâns makket. "Het zijn de wedstrijden waarvoor je strijdt. We zitten beide in een goede flow, dus het kan een aardige clash worden. We hebben eerder twee goede wedstrijden tegen Twente gespeeld, dus ik kijk ernaar uit."
Milan van Ewijk wol ek yn Oranje
Van Ewijk spile dit seizoen de measte minuten fan alle fjildspilers yn de earedivyzje. Hy koe syn titel as spiler fan it jier lykwols net prolongearje. Dy titel giet dit seizoen dus nei Noppert. "Hij is een held, heeft het grote Oranje gehaald en op een WK gestaan, dus ik vind het wel verdiend", seit Van Ewijk oer Noppert.
Sels hopet Van Ewijk ynkoarten ek it oranje oan te hawwen, dan foar Jong Oranje op it EK. Dy seleksje wurdt nei alle gedachten moarn bekendmakke.