Sportklup Hearrenfean play-offs yn nei oerwinning op Go Ahead Eagles

Ché Nunnely út 'e skroeven nei de 2-0 © ANP
Sportklup Hearrenfean hat him op eigen krêft pleatst foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Yn it Abe Lenstra Stadion wie de ploech fan trainer Kees van Wonderen mei 2-0 te sterk foar Go Ahead Eagles.
By Hearrenfean wie doelman Andries Noppert nei moannen blessuereleed werom ûnder de latte.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Van Ewijk, Van Ottele, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Olsson, Tahiri; Colassin, Van Hooijdonk en Sahraoui.
Sjoch hjir nei in gearfetting fan de wedstriid:
De earste mooglikheid fan de wedstriid wie foar Hearrenfean. Sydney van Hooijdonk koe by in foarset fan de rjochterkant de foet krekt net tsjin de bal oan sette, oars hie der in grutte kâns op de iepeningstreffer ûntstien.
Fierder wie it spul wat senuweftich yn de begjinfaze. Beide ploegen besochten it wol, mar it slagge mar net om ta kânsen te kommen.
Gjin grutte kânsen yn de begjinfaze © Orange Pictures
Nei in healoere liet Go Ahead Eagles foar it earst wat sjen. Willum Willumsson joech de bal foar en by de twadde peal stie Isac Lidberg hielendal frij. De Sweedske oanfaller skeat lykwols njonken de goal.

Bochniewicz brekt wedstriid iepen

Krekt foar it skoft iepene Hearrenfean de skoare. Nei in lange yngoai kaam de bal foar de fuotten fan Anas Tahiri. Dy joech de bal perfekt foar op Pawel Bochniewicz en de Poalske ferdigener, dy't de wedstriid tsjin PSV noch oan him foarbygean litte moast fanwege in blessuere, kopte hurd raak: 1-0.
Pawel Bochniewicz bliid mei de 1-0 © ANP
Nei it skoft moast Go Ahead Eagles komme. De ploech út Deventer moast winne om noch meidwaan te meien oan de play-offs. It earste gefaarlike momint fan de twadde helte kaam dan ek fan de Eagles. Lidberg helle hurd út, mar Noppert koe it skot keare.
Hearrenfean hie de wedstriid fierder aardich ûnder kontrôle en krige fia Van Hooijdonk sels in goede kâns op de 2-0, mar Go Ahead-doelman Jeffrey de Lange koe it skot keare.

Nunnely beslist de wedstriid

Go Ahead Eagles krige yn it ferfolch hast gjin kânsen mear en tsien minuten foar de ein fan de wedstriid beslikken de Friezen it duel. In goede foarset fan Osame Sahraoui waard raak kopt troch Ché Nunnely: 2-0.
Hearrenfean fiert de 2-0 © ANP
Yn de absolute slotfaze mocht doelman Jan Bekkema syn offisjele debút meitsje yn it earste fan sc Hearrenfean. Hy stiet al sûnt 2017 ûnder kontrakt by de Friezen, mar spile dêryn noch gjin minút. Dêr is no dus feroaring yn kaam.
Nei de 2-0 foelen der gjin doelpunten mear. Hearrenfean is troch de oerwinning op it achtste plak einige en dêrom mei it meidwaan oan de play-offs om Europeesk fuotbal. Dêryn treft de ploech fan Kees van Wonderen FC Twente. Dy ploech einige op it fiifde plak yn de earedivyzje.
It skema foar de play-offs © Omrop Fryslân
Hearrenfean spilet earst op 1 juny thús en op 4 juny folget de return yn Enschede. Mocht Hearrenfean it twalûk winne, dan spilet it yn de finale om in Europeesk ticket tsjin de winner fan it duel tusken Sparta Rotterdam en FC Utrecht.